‘Iensume mar’ is in fers fan Bauke Terpstra

Iensume mar
swimmend
wie ’k as ien
sy luts oan my
liet wer gean
it weagjend ritme
dreau my fierder
ûngemurken kaam ik djipper
yn har
ferlear grûn
ûnder fuotten
oerjaan like it iennichste
doe in stim
kom, kom mar leave
en ik,
ik koe net oars

