Elmar Kuiper is moannedichter by RIXT fan febrewaris 2023. Minske is syn earste moannegedicht.

Foto: Edwin de Groot
MINSKE
hy is skjin
as in rivier
mar slimet oan ’e mûning ticht
hy lit syn Switserske herder
op it sintelpaad efter in stôk
oanfleane
rimet in fûgel net mei de man
hy is earlik
as in kûgel
draait oan ’e râne fan ’e stêd it
stiel foar de arena, dêr’t er syn
slachsang sjonge mei
hy is suver
as in stien
sweltsjetipt oer de âld
opfeart
glêd en plat
is syn wurd