de hillige berch

RIXT sil yn it ramt fan it tema fan de Poëzywike in tal natoergedichten pleatse. It fers ‘de hillige berch’ fan Syds Wiersma is it tredde yn dizze rige.

 

Foto: Syds Wiersma

 
 

de hillige berch
Mullaghmore, The Burren

bist hjir kaam op de keale kant
fan de wierheid, en griis ek noch
as in bestjurre gedachte-eksperimint
dit lânskip, in oare planeet hast:
it wûnder te sweevjen boppe
ús beskaafde yrrelevânsjes

de earmoedlijers dy’t harsels fan in hûngerdea
rêde moasten mei it steapeljen fan stiennen ta
muorkes om ôf te freedzjen, wat yn fredesnamme
moast hjir ôffrede wurde, hokfoar claim kinst lizze
op in berchwrâld fol skuorren, mei de wyldste floara
yn de waarme ûnderwrâld – alpine, mediterannee

âlde refleks fan it besittend laach:
better de wurkferskaffing as sokke skroeimagen
fergees wat te jaan, neat yn dit libben sûnder nut
noch gjin sprút, sels net op rotsjende ierappelsmots

hawwe se hjir kaam op de keale kant
fan de wierheid dan noait ris tocht, grizer, wûnderliker
krijst it net byinoar, hoe rymje wy dat
mei ús rjochtlinich rjocht?

no sa bygelyks: wat makket in paradys mear of minder út
ast altyd falle silst, it kwea is te grut as it fan natuere
yn ús sit, dat lit it mar omwrotte yn wetten fan frijhannel
en ynhaligens, wy binne swak, dat bewize
sokke lijers mei de hûnger yn ’e hals

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *