Gerrit de Vries is moannedichter fan Desimber 2021 by RIXT. Syn earste gedicht is Foby.

Foby
in sirkel hat wol wat wei fan in Grykske letter
de ferhâlding tusken omtrek en straal
is net krekt bekend
moat in reëel getal wêze
mei in ûneinige mannichte sifers
efter de komma
wiskundige William Shanks
socht yn de njoggentjinde iuw
santich jier lang nei mear desimalen
707 hat ‘er fûn
yn 1958 berekkene in IBM-kompjuter
syn libbenswurk yn 40 sekonden
It Grykske alfabet
hat 24 letters
we binne no by nûmer 15
ik bin berne op de 16e
arithmofoby is eangst foar sifers
Alfa kaam ús oer it mad
Delta wie gefaarlik
fan Xi hawwe we neat heard
of it moast dy iene ferrekte Sinees wêze
en fierstente let
Omikron is no it biedwurd
Jildt dat as in lang wurd
Omikron soe tige besmetlik wêze
Hippopotomonstrosesquippedaliofoby
is eangst foar lange wurden
foar lettereangst
bestiet hielendal gjin wurd
soe it komme mei de faasje
fan in professor of in kompjuter
rydboskje minsken
ik bin bang foar Pi
Hiel knap!