Klokkepoëzy – Poëzykonsert mei stedsbeierdier en streekdichters Geart Tigchelaar en Tsead Bruinja

Op 10 septimber om 17:00 oere jout de Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, mei syn foargongers in poëzykonsert yn ’e binnenstêd fan Dokkum. De kariljonmuzyk wurdt fersoarge troch stedsbeierdier Auke de Boer.

Tigchelaar wol de ferbining lizze tusken syn foargongers, de eardere DongeraDichters en Streekdichters: Akke Brouwer, Bram Borstlap, Mark Spijkers, Tsead Bruinja en Jankobus Seunnenga. Hja hawwe it amt meifoarme ta wat it no is en krije sa de kâns om yn dy hoedanichheid fannijs fan harren hearre te litten. It publyk kin sa ek op ’e nij mei harren en benammen mei harren poëzy yn ’e kunde komme. It optreden is sadwaande in wjerslach fan 15 jier Streekdichterskip.

It bûnte selskip fan poëten wurdt muzikaal begelaat troch stedsbeierdier Auke de Boer,dy’t hieltiten tusken de dichters troch op it kariljon spylje sil. De dichters steane nammentlik op in rûnfeartboat en drage om bar in gedicht foar op in oar punt oan it Dokkumer Djip. Hja sette útein by de Kettingbrêge, dan folget it Hellinghûs, De Syl, Bontebrêge en as lêste de Witebrêge.

It wurdt in net alledeisk en dus tige bysûnder poëzykonsert foar elkenien yn Dokkum.

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *