Edwin de Groot is moannedichter fan Maaie 2021 by RIXT. Taryf en koers is syn earste moannegedicht. Taryf en koers i. goalera, boadskipper fan bedjer foel ien op ’e hûd as it sa beskikt wie sels in bern dat troch de hoeven gie der is altiten wol in sûnde te finen in nij fûnemint kin no ienris brekke as it him set en bin’ wy ta oan de kollekte ii. elke koroanamoanne like wreed de hoeder fan no mei sjippeglêde skuon seit it is feilich fergelike mei frikandellen is in prikje bernespul, bliuwt it ûnheil út fleurich en optein wer op ’en paad in skoalreiske en lekker bôle mei jonge tsiis en belidenis
‘Mare Frisicum oer tachtich jier’ is Edwin de Groot syn twadde moannegedicht fan maaie 2021. Mare Frisicum oer tachtich jier op fersûpte gemaledakken droegje ielguozzen de fearren sa thús as badeintsjes yn walfiskmagen nei it easten op de Appelskeaster kust is in skiep oanspield - it moat wol hast it lêste wêze – fierders wie der neat te rêden of it is de rou dy’t dy bespringt as in swarte rôver faaks skriuwt ien der noch in kear oer, dat wer in siele ôfset is mar net mei it lêste wurd, dat is al 100 kear sein de bergen bin’ fier fuort en de keningen wenje heech