Kopstikken

‘Kopstikken’ is Sigrid Kingma har twadde moannegedicht fan April 2021.

 

Foto: Geart Tigchelaar
Kopstikken

Slingers hinget er foar
himsels net op
fiert oerlibbings mei
tichtlutsen lúksafleks
yn de efterkeamer
sensibilisearre freonen
bûsjild sparre by de ABN
foar syn nije fyts

Bedoarne pjut dy’t
fjochtet tsjin ferskjinning
sêfte wurden siket
foar in leagen
of gnyskjend bekent
dat er fergeat
wa’t juster noch
syn bôle smarde

Helder lykwols stiet
foar de geast
dat it sjerp wie
oer it papierwurk rûn
de plakkende poaten
ôfslikke yn de neigalm
fan de klinkende skille



Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *