Negativen

Negativen is Sigrid Kingma har tredde moannegedicht fan april 2021.

Foto: Geart Tigchelaar

 

Negativen

De deade mosk is bedobbe
dreame mei noch op de bonnefoai
oer optochtrûpen en iepen knoppen
festivaltinten yn wolkefjilden
wattestaafke as fentyl
foar de ûnderbúkmaitiid
fier fuorttroppe
fynst 2020 werom
op in ferkeapkleedsje
njonken de sjoelbak

Kâld en stil
koade swart
mei in depresje
stamppot rauwe data
it terraswaar gjin sifer
de flagge mei út wiuw
ferbylde flekken fuort
foar in sunich sintsje

Yn de fields stean no
túnmaatsjes
earste resultaten wize út
dat beantsjes foar
blommen opkomme
al binne der spruten by
dy’t har net teste litt

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *