de twa hearen

‘De twa hearen’, in gedicht fan Gerrit de Vries.

Foto: Geart Tigchelaar

De twa hearen

de keamer,
it riedplachtsjen heard hawwend,
oerwaagjend

De Donald, De Mark

de ôfsetting, de ôfkarring

it wie in perfekt petear
perfekter as ea

we hawwe der nochris oer praat
mar it der net oer hân

sjocht potinsje
mar freget har ôf
oft de oerienkomst tusken de twa
better: de oerienkomsten
faaks wat subtiler
oanjûn wurde kinne

it is nepnijs
it heucht my net mear

ik kin immen yn New York by deiljocht
deasjitte
en der foar wei wine

it betrouwen is skeind
mar ik stean net
te ligen ik sprek de wierheid

wêrfan kundskip

it is de skuld fan de media
it siet no ienris oars yn myn ûnthâld

ik bin ûnskuldich ferklearre en frijpleite

ik skamje my djip

wat mear synisme en irony
soe it poëtysker meitsje kinne

nimt der noasje fan
en giet oer ta de oarder
fan de dei

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *