“Mei allegearre literêre inisjativen, in aktyf dichterskollektyf, in kommende en geande Dichter fan Fryslân dy’t stevich fan him hearre liet, in literêr festival dat wurdearring kriget, ôfrûne hjerst tsien Fryske dichters op lanlike TV, in Fryske Dichter des Vaderlands en as útsmiter, de takenning oan Ljouwert fan de titel City of Literature, liket it wol as hat de poëzy yn Fryslân it fjoer oanstutsen.”
Yn Fryslân DOK ‘It Wurd Wat” bringt Bart Kingma nije ûntwikkelings fan poëzij yn Fryslân yn byld oan de hân fan ynterviews mei ûnder oare RIXT-dichters Tsead Bruinja (Dichter des Vaderlands) en Grytsje Schaaf.
De dokumintêre is yn it wykein fan 22-23 febrewaris by NPO2 en Omrop Fryslân te sjen, mar is fansels ek online te finen.