Falentynsfersen

Yn in gesellich folle Afûkwinkel wie freedtemiddei de oanbieding fan de Fryske werútjefte fan it printeboek Kening & Kening. It boek ferskynde tweintich jier lyn foar ’t earst en waard sûnt yn tolve talen oerset. Kommissaris fan de Kening Arno Brok fûn dat it tiid wurdt foar oersettings yn de Gaelic talen: Welsh, Iersk en Skotsk.

Nei ôfrin holpen RIXT-dichters Kate Schlingemann en Jetze de Vries guon oanwêzigen by it skriuwen fan in leafdesgedicht. It wie ommers Falentynsdei. Beide dichters brûkten dêrby in âlde typmasine út it Sammelmuseum fan Poppenwier. De Falentynspoëzy waard op rôze fellen typt, op tafels fol mei roze-read snobbersguod fan hertsjes. Underwilens sinjearden Linda de Haan en Stern Nijland har Kening & Kening-boeken.

Der kamen moaie rigels op it rôze papier. Hoe’t dat gie?

Immen woe graach op poëtyske wize in falentynsgedachte útsprekke, mar wist net hoe’t se begjinne moast. De dichter frege wat se bysûnder fynt oan de dy persoan en doe wie it begjin der gau.

In oar woe graach wat oer it nije hûs fan syn leafste. Yn in bondel leafdesgedichten fan Pablo Neruda waarden gaadlike rigels fûn en oerbrocht nei it hjir en no fan it nije hûs.

Der wie in famke fan in jier as tolve dy’t net fereale wie en ek net wist hoe’t dat wêze soe (sei se). Mar se hie wol in suske fan tsien dy’t al in pear moannen fereale wie op in stoere jonge út har klasse. Se koe him al jierren. It famke woe har suske wol ferrasse mei in Falentynsfers foar de jonge. Se fertelde oer aventoeren dy’t se belibbe hiene en ferskate eigenskippen fan de jonge dêr’t se fan tocht dat har suske dêrop foel. Hy hie bygelyks hiele moaie eagen.

Wa’t dat woe koe de farske fersen of dichtrigels meikrije yn in lyts leafde-om-te-bewarjen-doaske, dat de Falentyn by ien fan de tafels yn de Afûkwinkel noch dekorearje koe.

In slagge dichtoerke. Sok rikketikjen fan typmasines soe ek wolris hiel goed klinke kinne op in simmersk plein ûnder de Aldehou.

Foto: Kate Schlingemann

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *