Rely Jorritsmapriis

De Rely Jorritsmapriisfraach is foar de 66ste kear iepensteld foar ynstjoerings fan ferhalen en fersen. De sjuery — dy ’t bestiet út Douwe Kootstra, Inge Heslinga en Rianne Blokzijl — kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. In winnend ferhaal of fers wurdt honorearre mei €1000.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) skildere, skreau en dichte.  Yn syn testamint skreau Jorritsma dat: “myn fermogen […] tsjinstich makke wurde sil om de Fryske letterkunde te stypjen” (Fjirtich jier ‘Rely Relly’, p. 25). Sa kaam it dat sûnt 1954 alle jierren in priisfraach útskreaun wurdt foar maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen yn de Fryske taal. Allinne de bêste ferhalen en fersen winne, dat it tal Rely-winners kin alle jierren oars wêze.

Ynstjoerings kinne oant en mei 10 maaie digitaal (as taheakke) e-maild wurde nei it FLMD. Yn de e-mail moat dyn namme, adres en tillefoannûmer fermelden wurde, mar it ferhaal of fers sil anonym nei de sjuery trochbriefke wurde. Sjoch foar mear ynformaasje oer Rely Jorritsma en de priis op de webside fan it FLMD.

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *