Boris

Syds Wiersma skreau yn dizze wike fan Brexit suspense in rap against BJ-gedicht.

Boris

Boris is in kloaris, tocht ik lang.
In tragysk Our Lady of Eton-gefaltsje,
jongleur-poseur produkt
fan ûnbedoarn, gefoelich ferknipt
yn it wrede spul fan head boys’
fagging en flogging.

Boris is in clown, rôp ik mei
yn it Chorus fan de Lilken.

Mar Boris is in type jongste omke, dy’t as er
samar wer ris opdûkt de wolkomme
spotske pias
fan âldeljus moares is, dy’t ast
siik bist even oanwipt
knypeagjend
in seksboekje ûnder it matras pript.

Foar Boris binn’ nije soares in kwestje fan, mar sjoch no ris!
Wer in slach ferlern is alwer in nije kâns.
Ferlieze is usual business, neat oars as oates
en toates mei de spindoctor oan in pint
in nije bypass te betinken
straight away to the holy grail.

Dat Boris sil winne.
Al teknypt er de Noard-Ieren as luzen op ‘e kaam.
Al flokke de Skotten har de kloaten út ‘e rokken.
Al waarje ynklauwerige frijhannelsgeasten aanst
troch de Old Smoke fan Londen om.
Boris wint, want Boris waard as iennichste stoned
fan de kick to get it done

As in reapseine derwisj leit er foar de doar
fan syn godlike leafste:

GOAL ACCOMPLISHED
AT ALL COSTS
PLEASE LET ME IN

© Syds Wiersma

Filmke: Geart Tigchelaar

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *