Skalkedjip

Willem Abma hie in bysûndere moeting op in terras…

Foto: Geart Tigchelaar

 

Skalkedjip

op it terras siet er allinne,
oan in taffeltsje mei seis stuollen,
dûknekkich, briltsje op; tritich sawat.
sûnder euvelmoed frege ik: ‘binne dizze stuollen frij?’
djipwei klonken lûden.
in net te bedjipjen andert?
wylst kniep er de hannen ticht, de eagen ljochten blau.
eagen dy’t har net hechten.

wat letter kaam syn heit en skode oan,
gjin wurden tusken him en my.
doe’t ik opstapte, groete ik de soan;
gjin reaksje diskear.

mar, o, dy yngoede eachopslach dy’t my net socht hie.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *