Foarige wike waard bekend dat Aggie van der Meer (92) dit jier de winner fan de Gysbert Japicxpriis is, de grutste literêre priis yn Fryslân. Se krijt de priis foar har hiele oeuvre. Omdat Aggie ek RIXT-dichter is, pleatse wy in noch net earder publisearre gedicht fan har. Se skreau it earder dit jier op útnûging fan it EO-programma De Nachtzoen. Omdat Aggie destiids net nei de studio komme koe, waard it fers net publisearre. Aggie skreau it oarspronklik yn it Nederlânsk. Dit is de Fryske fariant. De Gysbert Japicxpriis wurdt sneon 16 novimber útrikt yn de Martinitsjerke yn Boalsert.

langstme dy winter stie ik dêr nacht nei nacht nacht nei nacht stie ik dêr de leafste sil witte dat it ûnwennigens is en wachtsjen de ivige kadâns fan âlde wetten as de fjildlysters de einleaze lariksbosken fan it noarden ferlitte sjonge mei hege stimmen nee, sjonge is it net it is it iis it is de wyn dy’t fluitet it iis brekt en friest wer oan it iis brekt en friest wer oan it ferliedt it ferliedt de nacht de fjildlysters te fertellen fan de kaën foar't de nacht foel, bekommen net wisten wêrom ’t der gjin grûn wie gjin fiergesicht in fermoeden? in idee? skimkjend by har wjukken lâns roerlings huverjend opnommen yn it Al en it Neat inkeld langstme reitsjend oan langstme der net mear is as dat © Aggie van der Meer 5 febrewaris 2019