Likegoed

Elmar Kuiper lies, yn it ramt fan Transpoesie yn Brussel foar út syn wurk. Wat him foaral rekke yn dy stêd, wie it skerpe kontrast tusken ryk en earm. “De kuiertocht fan it hotel nei it sintrum wie wat dat oanbelanget in eachiepener. Ik rûn troch in doarp fol swalkers en húshâldingen, dy’t fan hûs en hiem ferdreaun wiene, op ’e strjitte ûnder de portiken libben. Yn ’e taal fiel ik my soms ek in minske sûnder thús, mar dat mei fierder gjin namme hawwe en ik skamje my foar sa’n útspraak.”

Likegoed

Yn Brussel dronk ik nei ôfrin fan in literêre jûn in Kaapse
Pracht mei in Súd-Afrikaan, dy’t ik wûnder boppe wûnder
ferstean koe. ‘In Fries is wreed yn ’e bek’ spruts ik op en
kniep der út, rûn knoffelich oer in iepenbrutsen strjitte en
hearde in fracht skerpe s ’en de hurde g fan in Arabier dy’t
my sa let noch ta raasde. Ik seach skruten om my hinne en
stuts hastich it krúspunt oer. Deunby de Holiday Inn krústen ús blikken inoar. Se siet rjocht oerein, op in stik noppeskom, yn ’e portyk fan in restaurant en hie slaggerich hier en smoarge wangen. Bewuolle yn in jarrebrún tekkentsje meunstere se my. It wyt yn har eagen waard in plasse, dêr’t ik hast yn fersûpte. ‘Help me sir,’ flústere se, sêft as in simmerreintsje, en ik stuts, goederjousk, de hân yn ’e bûse en tearde de beurs iepen, mar der rûgele gjin sint út. ‘It binne likegoed minne tiden foar dichters,’ biet ik har ta, as wie it neat, mar se swijde en skodde mei de holle.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *