Krystfiters

In spesjaal foar RIXT skreaun krystgedicht fan Anne Feddema.

 

Foto: Jorge Barrios

 

Krystfiters

Yn in hoekige acht
Under de krystbeam
Yn kleanmakkerssit
Sit ik, krystbalbol
Yn dimt ljocht
Mei de mulbân
Fan in keamerjas
Foar’t ik fiif wurd
Sil ik séls fiterje
Ik haw it byld
Foar eagen
Fan in stjurre
Kreakeling
Soks moat it wurde
Mem hat it foardien
Earst sa
Aanst in skoech
Ik ferbyn in dream
Yn it ferline

Ik sjoch
Op lêst
Oeral achten
Op it hillich
Philipstastel
Yn swart-wyt
Draaie akrobaten
Billy Smart
Glitterfûnkjend
Oan ’e trapeze

Myn fuotten sille
Tizeboellutsen rinne
Yn ’e ivichheid.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *