De redaksje fan Frysk Dichterskollektyf RIXT set nij ferskynde dichtbondels fan oan RIXT ferbûne dichters ekstra yn it fuotljocht . Willem Abma hat de primeur mei ‘Ferbûn en Sjoen’.
Op 21 novimber waard de nije bondel fan Willem Abma presintearre yn it tsjerkje fan Himpens. ‘Ferbûn en Sjoen’ is de titel. Mei as ûndertitel: ‘Mimeringen oer myn leauwe en libben’. It is de delslach fan in oanhâldende inerlike dialooch oer mystyk, leauwe en ferstilling. Mimeringen dus oer geloofsbelibbing en libbensrin; gedichten, teologyske gedachten, gebeden en geastlike lieten komme yn dizze bondel dan ek byinoar.
Foar RIXT socht Abma twa teksten út. Jo kinne se hjirûnder lêze.
‘Ferbûn en Sjoen’ is Abma syn tweintichste dichtbondel, bibliofile útjeften fan útjouwerij De Hynsteblom fan Karel Gildemacher meirekkene.
De bondel is útjûn by Wijdemeer.
Mark Rothko
Stadich lit ik my warleas trochslokke,
opsûgd fan in net te beneamen binnenste.
As Rothko finzene fan in paradoks:
hoe út te drukken sûnder útdrukken en dochs útdrukke.
Hoe te leauwen wat net te leauwen is en dochs leauwe.
Sân stekwurden neamt er yn syn swijen: spanning en sensualiteit,
dea en fergonklikheid, boartlikens en irony; én hope:
grutter en grutter de flakken: sûch oan myn boarsten, wrâld;
drink myn kleure tate; teraan en wês, treastge, my de iensume ta treast.
Kom, lit ús drinke út de tsjelken fan sûgende mystyk;
konsumearje net, mar lit dy konsumearje, foarstellingsleas omearme.
– Tragyske ekstaze, needlot, unio mystica –
Apollo en Dionysus ferskine yn klearens en berûzing,
yn in tsjuster ljochtsjen, yn in ljochtsjend tsjuster.
Tinner as tin de ferve sichtber ûnsichtber sichtber.
Ik reizge fannacht nei Houston en bin yn de Rothko-Chapel.
oant twa kear ta it transparante transsendinte.
Sa ivichheid by libben te sjen; o, hearlike dea dy’t libje lit.
19 novimber 2014
MRI – scan
Byldzje troch magnetyske resonânsje, stiet it foar.
Kearsrjocht yn in mânske sigarekoker.
Ik wurd yn blokjes pypskom ôfpast.
Oan artroase gjin boadskip: langút en plat.
Dan skoot der wat oer my hinne.
Bechterevs soene de bonken brekke,
klaustrofoben plat spuite wurde moatte.
Klaksons fan fearboaten helje oan,
bin ik de haven fan Harns ynfearn?
Hjir jouwe magnetyske fjilden útslútsel:
dea of libben. No nonsense.
In ferpleger docht swijsum en meganysk syn wurk.
Moandei santjin febrewaris twatûzenfjirtjin:
it gongbere protokol: dagen fan wachtsjen.
Hoe fyn binne de triedsjes dy’t my ferbine?
In nije libbensfaze is úteinset; hoe lang noch?