Oades oan eardere Gysbertwinners

Op 5-11-2021 waard in literêre jûn organisearre yn it ramt fan de Gysbert Japikspriis foar Eeltsje Hettinga. Yn de Westertsjerke te Ljouwert liezen in stikmannich dichters in oade foar oan eardere Gysbert-winners.

 

Tryntsje van der Veer,

2021 Foar Eppie Dam

stânbyld

in eiber dy’t op op hege stelten
elegant troch de fjilden stapt
no noch hjir

in ûle dy’t rêst yn ’e beam
syn kopke rûnom draait en skerp sjocht
al is it nacht

in liuw dy’t de wurden yn ’e bek nimt
dermei slacht en se opfret
fertart en efterlit

in spjocht dy’t syn nêst útbikket
snaffel en harsens kinne it ferneare
kleurich syn kleed

in swan
in hynder

fan stien de ûndergrûn, of wurdt it gers
of knisterjend grint fan earste kwaliteit
drage moat it de sokkel net fan stiel

hegerop sil it presys sa wêze as it moat
net mânsk, net bylkjend en net bluisterich
mar út ien stik

parten sille glêd wêze en oare rûch
dêr’t it moask oan hechtsje kin
de foarm is iepen guon sjogge net
dat dit der ek yn ferwurke is

út de fierte liket it te sweevjen
yn moanneljocht kriget sels it swarte wjerskyn
en as de wyn fan fiere lannen der
oerhinne strykt sjonge de lysters

ingels binne it
allegear ingels

 

Job Degenaar. Foto: Geart Tigchelaar

 

Job Degenaar

Westerkas, 06.11.2021, GJP – Jacobus Quiryn Smink

Myn Fryske útspraak koe better. Ik bin in Hollanner en praat Frysk as eartiids Rudi Carrell yn it Dútsk. Sa jo meie wol glimkje.
Eeltsje, fan herte lokwinske mei dyn priis. Ik bin bliid dat it grutte belang fan de fersen dy’t Eeltsje skreaun hat, net allinne as Dichter fan Fryslân, opmurken is!
Ik bring in tribute oan in Fryske eilânbewenner yn ‘e Brabantse romte, myn nammegenoat Jacobus: Jacobus Quirijn Smink, in tige oarspronklik, lêsbere en komyske dichter. Hy krige de Gysbert foar syn bondel Sondelfal in 2013. Ik lês twa ferskes út oare bondels fan Jacobus – elkenien hat ommers Sondelfal lêzen! – en in oersetting.

Famkes yn Nij-Seelân’ (út de bondel mei de palindroom-namme Sierreis, 2019)

Foar de famkes dy’t wekker binne as ik sliep
Set ik dizze folsleine befleaning op papier
As it ljocht út giet yn myn hokje mei boeken
Dan skynt de moanne troch it dakfinster
Op ’e tafel in wyt blokje
Der binne no famkes dy rinne op it strân
Yn lytse bikinys
Wat binne se tsjep, dêre
En ik blaas de blommen fan it glês
It kristal raant fan Apollo in wite stjêre
Myn tún stiet no fol mei sniemannen
Se ha myn sjaals stellen
En se ite fan myn woartels
O dy famkes, as ik wekker bin sliepe se

 
 

LA-woman efterop de buddy’ (út Adams Apel, 2013)

(If they say I never loved you
you know they are a liar)

De ridder raast mei gûlend gas
De singels del en de Prinsetún
is ûndergien mei de sinne

De helmen beskine de lampen
en de rêgen bûge tagelyk, ja
Bytsje troch yn ’e bochten

Fan ’e moarn fûn er noch
Wat er letter foar har socht
Wat grien is wurdt fêst brún
En wat dien is grif ferjûn

1. De oersetting is út in berneboek, Smoarge Piter, in oersetting fan Heinrich Hoffmans ‘Die Geschichte vom fliegenden Robert’: ‘It ferhaal fan fleanende Rommert’ (Jawis, ‘Robert’ waard ‘Rommert’).

Rommert tinkt dat er by stoarm en ûnwaar nei bûten ta kin. Hy nimt syn paraplu mei, mar wurdt troch de wyn wei blaasd, de loft yn. Hy ferdwynt foar altiid.
Myn heit tocht as bern dat it ferhaal wier wie en frege syn heit lange tiid, as er de krante lies: ‘En vader, staat er nog wat over Robert in de krant? ‘Nee, nee, nog niets’ seit er dan.

It ferhaal fan fleanende Rommert

As de rein der hinne brûst
as de stoarm it fjild oer sûst
bliuwe fammen, jonge finten
netsjes thús yn harren klinten. –
Rommert lykwols tochte: Wis!
Dat it bûten noflik is! –
En yn ’t fjild dêr spaant er dom
mei de paraplu wat om.

Woei, it waait in stoarm en ’t loeit
dat de beam is hast teknoeid!
Sjoch! De wyn dy pakt de plú
en ús Rommert naait der út
troch de loft sa heech, sa fier;
nimmen heart syn skriemen, wier.
Oan ’e wolken rikt er al,
en de hoed fljocht fan syn bol.

Plú en Rommert fleane dêr
troch de wolken fierder wer.
En de hoed fljocht fier foaroan,
komt op ’t lêst by d’himel oan.
Wêr’t de wyn har brocht te lizzen,
ja! dat wit gjin minsk te sizzen.

Ta beslút: Myn heit leaude it ferhaal fan Rommert, mar ik leau yn it wurk fan Jacobus. En fansels dat fan Eeltsje.

 

 

Sigrid Kingma. Foto: Geart Tigchelaar

Sigrid Kingma

Oade oan Aggie

Ik tink altyd oan Aggie van der Meer as ik oan repetysjes yn it Ljouwerterbosk weromtink. Elmar Kuiper, Arjan Hut en ik dienen as dichters mei oan de dûnsfoarstelling ‘Wachten op de liefde’. Arjan hie de bondel De stêd, it bist de ingel mei en wy liezen inoar om bar stikjes foar wylst we wachten op ús sênes. Sa waard it wachtsjen in bysûndere erfaring dy’t mear yndruk makke hat as it spyljen sels. In oar momint dat Aggie yndruk makke, wie mei in foardracht by Dichter op de Deel yn Eksmoarre. Nei elts fers goaide se it papier sabeare ûnferskillich op de grûn. Yn it gedicht bring ik as oade oan Aggie beide mominten by inoar.

Boppe de rigels út
Yn de sulverbjirketûken hinget it bist
skôgjend de foarstelling dy’t wy repeteare
loslitten hat Aggie op it Ljouwerterbosk
dy’t roppich siket nei guon dy’t as skiep
oer bisten tinke

As de stedsklok oerslacht fan tefolle
triennen op de wizers
beslacht Aggie de loft om ús hinne
wy sykje yn it wyt om de ingel dy’t
wis net fier fan it bist wykt is

Om bar in stikje foarlêze, net de wurden
bistelûden mingd mei Eurythmics
jouwe de neisimmersinne in setsje

De loft ferwurdt it toaniel
wy inkeld lyts publyk en dêr stiet se
rigels sweevje sierlik fan it poadium ôf
falle foarby ferankering fan de fiere dame
achteleas grasjeus lit se de fellen los
wy klauwe as dieven nei de snippers
fan Aggie

 

 

Elske Kampen

Ferbyn dy mei in rigel, gedicht of de toan fan in eardere Gysbert-winner,dat wie it nijsgjirrige fersyk fanút RIXT oan my. Fan de measte winners steane wol bondels yn myn kast en ik gie al sykjend by al dy mannen del.
Inkeld Rixt hat yn ‘53 foar in dichtbondel de Gysbert krigen en dêr wie ek noch diskusje oer fanwegen in ‘ûnseedlike’ ynhâld.

Ik krige Barakkekamp en Lyts frysk deadeboek fan Jan Wybenga (1917-1994) út de rige. Foar beide ûntfong er yn respektyflik ‘65 en ‘77 de Gysbert Japcxpriis en krige dizze dy as iennichste skriuwer ea dus twa kear takend.

Ik beseach in ynterview mei him út 1990 fan Omrop Fryslân, te finen op Sirkwy, en fûn it tige nijsgjirrich. Wybenga praat dêryn oer syn ferline, it Frysk en de Fryske literatuer en dêrnjonken fertelt er oer syn dichtsjen. It skriuwen is foar him in lang proses, sa seit er, want hy wol der wis fan wêze dat er skriuwt yn oerienstimming mei wat er trochkriget fan it gedicht sels. Sa neamt er dat letterlik: it ‘trochkrijen’. Soks hat neat mystyks, mar in gedicht is in ding op himsels, sa seit er. It hat te krijen mei de autonomy fan it fers dy’t er sa rjochtdwaan wol. Dat is in opfetting dy’t ik diel mei him en ik wie ferrast troch syn sizzen.

Ik lies fan him ek de bondel Fergetten fersen út ’94 en fûn dêryn in gedicht dat my ynspirearre. It giet om In memoriam patris, dat de dichter skreau ta oantinken oan syn heit, Albert J. Wybenga (1887-1954).

‘O, allinne yn de Geast kin eat behâlden bliuwe!’ Dy rigel fan Obe Postma út de bondel It sil bestean stiet as motto boppe it gedicht fan Wybenga. Daliks yn de earste strofe al skriuwt dy lykwols dat soks in fersin is. ‘O, treast dy’t in fersin is: ek de Geast bliuwt net behâlden.’ En fierderop: ‘Wat net behâlden bliuwt, kin neat behâlde.’ Likegoed seit de dichter: besykje it mar ris. ‘Rop ien feale skym op dy’t yn de Geast behâlden wêze soe…’ en yn de twadde strofe docht er dat dan ek en dy begjint sa: ‘Ik neam dyn namme heit, mar rop ik dy of ien út wat no fier ferline hjit’, skriuwt er, mar hy twivelet. Want wa ropt er op út dy Geast. It kin likegoed in skoalmaster wêze, in ambachtsman, in farrensman, de heit fan syn heit. Uteinlik skriuwt Wybenga ‘Wat de Geast optinkt, krijt gjin hâldfêst yn tiid.’ Tsjerk Veenstra seit it yn syn besprek fan Fergetten fersen yn de LC sa: Figueren út it ferline, sels de heit, ferlieze harren konkrete kontoeren en wurde diel fan in gehiel.

Yn myn gedicht bin ik yn petear mei de farrensman dy’t de dichter neamt en dy’t ynienen as ‘in feale skym’ foar my stiet. Lykas de ik yn it gedicht gean ik nochris mei him werom nei it eartiids fertroude, mar it ljocht toant iverich de nije plakken al en opnij set de farrensman ôf.
Ik fûn it moai om nei oanlieding fan dit fersyk fan RIXT it wurk fan Postma en Wybenga opnij yn hannen te hawwen.

Ik krij in heit by de hân

Ut hokker sletten oarde komsto wei.
Dàt wie dochs ús geheime koade: oan ’e doar
dyn bertedatum omkeard sizze. Farrensman, as
stoom út in masinekeamer ferskynst oan my.
Brocht in skip dy by fersin wer nei de kaai.

Ik wol dy hjir net ha, do bist net wier.
Wat steane dy de eagen fier en ûnferskillich,
yn datearre taal sprekke de lippen. Bisto in mal
dêr’t elkenien yn past. Do seist: it wachtwurd
fan de hikke fergeat ik.

Ik sis: ik rôp dy oant it roppen wurch waard.
Dyn namme, te feal en opbrûkt om te dragen,
wie al trochjûn oan in oar. Myn sykjen fûn dy
net werom yn havens en de kime tekene
dyn stal hieltyd oernij.

Ik krij dy by de hân en wiis en witst noch:
dêr hat er stien. Fiif stappen by de foardoar wei.
Dyn hûs is oars no, it wiksele fan aard en jout
net mear om skaad, kastanjeblossem. Hjir
is gjin beam asto him net mear witst.

Troch keamers geane wy. It nije wykt as
wetter foar ús fansiden. De laden laitsje, witte
neat mear fan dyn hân en wat bleau hat eagen
as ikoanen. Ljocht toant iverich nije plakken
en alwer setsto dy fan ’e wâlkant ôf.

Farrensman, wêr silst no hinne.
Is der in eilân dêr’t alle heiten binne. Leit oer
it strân al watst garre hast fersille. Oantinkens
op wiet sân en djipper. Falsto dêr oer
de râne fan ferjitten.

Edwin de Groot

Foar Anne Feddema

In bea

De poreuze predikers fol
Mei wol-of-net-faksin-fenyn
Fan de poalen lospeuterje
En bolderjende trekkers
Yn it protestfak ûntsiferje
Dat it neat te krijen hat
Mei it bekfjochtsjen oer in bokking
Mar mei it ljocht boppe see

De wurden fan de skilderdichter
Ik yt bylden fan dit lân
Net te sjen
Mar sichtber makk
e
Yn iepen grûn siedzje
En dan mei ús
Achter de túnmuorre
Memmeskurtesmout
Tee mei sitroen en sûker
Ut deselde samovar drinke

 

 

Ofwikseljende dichtersjûn yn it ramt fan de Gysbert Japicxpriis  

Op freed 5 novimber organisearje Tresoar, Explore the North en Frysk Dichterskollektyf RIXT in literêr en muzikaal program yn de Westertsjerke te Ljouwert.

De jûn set útein mei in pear oades oan it wurk fan Eeltsje Hettinga, de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2021. Ferskate keunstners dy’t mei him gearwurkje komme oan it wurd. Dichterskollektyf RIXT hat in groepke dichters – Sigrid Kingma, Elske Kampen, Edwin de Groot, Tryntsje van der Veer en Job Degenaar – frege om in poëtysk tribút te bringen oan eardere dichters dy’t de Gysbert Japicxpriis wûn hawwe. Fierders sille guon dichters yn gearwurking mei de ‘Verhalenavond’ it ferhaal oer har gedichten fertelle. En dan wurdt op dizze ôfwikseljende jûn ek noch de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus mei Deenske en Fryske dichters presintearre. De jûn wurdt ôfsletten mei muzyk.

Program Gysbert Japicxpriis-wike

De Gysbert Japicxpriis 2021 is takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’ 2017-2019. Neffens de advyskommisje kinne dy gedichten rekkene wurde ta it bêste dat de Fryske poëzy de ôfrûne jierren opsmiten hat. Op 6 novimber krijt er de priis yn Boalsert útrikt. Om dat te fieren wurdt de dagen foarôfgeand oan dy útrikking troch Tresoar en oare organisaasjes de Gysbert Japicxpriis wike holden.

Moandei 1 novimber | literêre jûn
Op moandei 1 novimber is der yn Tresoar in literêr programma yn oparbeidzjen mei tydskrift De Moanne.

Freed 5 novimber | jûn mei literêr en muzikaal program
Op freed 5 novimber is der mei Explore the North en Frysk Dichterskollektyf RIXT in literêr en muzikaal program yn de Westerkas as ûnderdiel fan de festivalperioade fan Explore the North yn de Westertsjerke te Ljouwert.
Sjoch hjir foar ynformaasje oer it program, begjintiden en oanmelde.

Mear aktiviteiten
Yn oanrin nei en yn de Gysbert Japicxpriis wike krigest by bakker Posthuma út Boalsert en Wommels en bakker Salverda út Ljouwert in kaartsje by in taartsje. Hast wat te fieren? Op nei de bakker!

Tresoar fersoarget yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân foar skoalbern in edukatyf program oer dichtsjen.

Gasten foar de priisútrikking op 6 novimber 2021 yn De Tiid yn Boalsert hawwe in persoanlike útnûging krigen.

Mear ynformaasje en kaarten: hjir

Dichterskollektyf RIXT komt mei It Literêr Sirkwy

Earste sirkwyjûn op 9 oktober yn kafee Marktzicht yn Drachten

Frysk Dichterskollektyf RIXT bringt It Literêr Sirkwy werom mei in nije rige literêre jûnen yn 2021-2022. Poëzy en muzyk binne de fêste yngrediïnten, lykas in iepen poadium nei it skoft. Sneontejûn 9 oktober is de ôftraap mei it earste Literêr Sirkwy yn kafee Marktzicht yn Drachten.

De ferskate RIXT-dichters dy’t ein july meidien hawwe oan RIXT op ’e Arke sette de toan foar de earste jûn, Arke yn ’zicht. Yn de Skriuwersarke op de Feanhoop wurken RIXT-dichters gear mei dichters Sigrid Kingma en Arjan Hut en muzikant Bruno Rummler. De poëzy en muzyk dy’t dat oplevere hat, wurdt yn kafee Marktzicht presintearre.

Foar it skoft binne der optredens fan de dichters Arjan Hut, Sigrid Kingma, Edwin de Groot, Syds Wiersma, Carla van der Zwaag en Janna van der Meer. De lêste beide dichters trede op mei Bruno Rummler.

Der sil ek omtinken wêze foar de poëzy fan Tsjisse Hettema, dy’t meidwaan soe oan RIXT op ’e Arke mar hommels ferstoar yn de wike dat it projekt plakhie. By útjouwerij Frysk en Frij ferskynt ynkoarten postúm Hettema syn fjirde dichtbondel Hewwy dát. Gedichten út dy bondel sille yn Marktzicht klinke.

Nei it skoft is der in iepen poadium en sil Bruno Rummler solo optrede. Elk dy’t poëzy (eigen of fan in oar) bringe wol op it iepen poadium, is tige wolkom. Wol graach efkes opjaan by: ynfo@rixt.frl. De presintaasje fan de jûn yn Drachten is yn hannen fan Edwin de Groot.

It Literêr Sirkwy waard foar it earst yn 2005 organisearre en wie tsien jier lang in fêst poadium foar skriuwers, dichters en muzikanten. Yn dy jierren wie it in inisjatyf fan It Skriuwersboun. Dichterskollektyf RIXT hat dat stokje no oernaam en sil in tal literêre jûnen op ferskate plakken yn Fryslân organisearje. Dy nije rige wurdt mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân.

Datum: 9 oktober 2021
Plak: Drachten, kafee Marktzicht, Aldewei 14
Tiid: 20.00 – 22.00 oere
Tagong: fergees
Wolkom ek by de neisit! Hâld rekken mei de jildende koroanamaatregels

RIXT op de Arke – tongersdei

Dizze wike is de Skriuwersarke it briedplak foar kreativiteit fan Frysk Dichterskollektyf RIXT.  RIXT-dichters skriuwe poëzy mei dichters Sigrid Kingma en Arjan Hut of mei sjonger Bruno Rummler.

De lêste dei op de Arke! Sigrid Kingma hat mei Ypie Bakker en Anne Heegstra wakker dwaande west mei poëzy, mei styloefeningen en letter kreatyf dwaande west mei sinnen út de krante. In moaie ôfsluter fan de wike op de Arke!

Ypie Bakker en Anne Heegstra oan de slach mei de kranteknipsels. Foto: Sigrid Kingma

RIXT op de Arke – woansdei

Dizze wike is de Skriuwersarke it briedplak foar kreativiteit fan Frysk Dichterskollektyf RIXT.  RIXT-dichters skriuwe poëzy mei dichters Sigrid Kingma en Arjan Hut of mei sjonger Bruno Rummler.

Op woansdei wiene Edwin de Groot en Arjan Hut op de Arke. De dei is fold mei goede petearen oer it dichtsjen, besprekken fan poëzy en it libben. It resinte ferstjerren fan Tsjisse Hettema droegen hja mei harren mei. In middei dy’t in oare ynfolling krigen hat as de foargeande dagen, mar nettsjinsteande is der in siedsje plante foar letter.

Foto: Edwin de Groot

RIXT op de Arke – tiisdei

Dizze wike is de Skriuwersarke it briedplak foar kreativiteit fan Frysk Dichterskollektyf RIXT.  RIXT-dichters skriuwe poëzy mei dichters Sigrid Kingma en Arjan Hut of mei sjonger Bruno Rummler.

Op tiisdei skode Janna van der Meer oan by Bruno Rummler om mei-inoar te dichtsjen op muzyk. In moaie dei en útwikseling by it Petgat, mei Arjan Hut as gasthear.

Bruno Rummler en Janna van der Meer by de Arke. Foto: Elizabeth Hietkamp

 

RIXT op de Arke – moandei

Dizze wike is de Skriuwersarke it briedplak foar kreativiteit fan Frysk Dichterskollektyf RIXT.  RIXT-dichters skriuwe poëzy mei dichters Sigrid Kingma en Arjan Hut of mei sjonger Bruno Rummler.

Hjoed wie Carla van der Zwaag op de Feanhoop en sy sprong mei Bruno Rummler drekst yn it boatsje om op muzyk te dichtsjen. Hja hawwe frijút dwaande west en oan ‘e ein fan de middei klonk der al muzyk yn de Arke: de toan is setten foar de wike!

Carla van der Zwaag en Bruno Rummler yn Foekje. Foto: Sigrid Kingma.