Kijsteddfod

29 septimber 2017
Nei oanlieding fan de betinking fan de Slach by Warns op it Reaklif ôfrûne sneon skreau André Looijenga dit gedicht.

KIJSTEDDFOD

de flaggen wurde wer opteard
de beitste mêsten op ’e oanhingwein
om yn ’e opslach oant takom jier;
kinst in soad sizze fan ’e Warns-betinking
mar se bin effisjint yn it oprêden:
gjin healoere nei it lêste o Fry-hy-ske grûn
is dy griene bult wer fan ’e kij

yn in waadgebiet fan gers
is it Klif in terp, in eilân, in grêfheuvel
in pear oerkes jiers mei flaggen op ’e holle
kening Redbad syn Stonehenge
of sawat –
tsjin ’e griene skeante plukjes kij
wjerkôgjende druïden swije yn poëzij

op in merke sûnder sweef of matinee
hâldt de blaasmuzyk de fleur deryn
priizge wur’ de bêste kij fan d’ ierde
al stiet har twilûdich loeien weroan botte faai
op ús alpegreide troch blauwe mar omklamme
leauwe wy dat wy bliuwe striede

en op ’e flaggen wurdt goed past
dy stelle nea teloar

© André Looijenga