Poëzyjûn op Sânfurd (1): Ferjittelgrûn

Op snein 2 febrewaris wie it 200 jier lyn dat in wettersneedramp in grut part fan de Súdwesthoeke fan Fryslân trof. Dêrom organisearre Stifting Sânfurd jûns in bysûnder programma yn de tsjerke fan Sânfurd. Poëzy, muzyk en sang, mei it Frysk Dichterskollektyf RIXT, foardraachster Gisela Schadenberg en fluitiste Pytsje Feenstra. Der waard ek stil stien by Gryt Witbraad, ‘dichter fan de doarpen Aldegea, Idzegea en Sânfurd’, dy’t ein 2024 ferstoar. As earbetoan oan Gryt waard by it wetter in lyts monumint mei in gedicht fan har ûntbleate.

André Looijenga wie ien fan de dichters dy’t op Sânfurd foardroech.
Hjir syn gedicht fan dy jûn.

Ferjittelgrûn

lykas in spegel, sa dof en griis as lead
as in doffe spegel leit rûnom de mar
ûnder de mar hat him it lân fergetten
oer de grûn leit it grize wiet

dit wetter is troch de diken kolke
dit wetter is oer de marswâlen spield
dit wetter is út de groppen opwâle

út djipte wei lit wetter de grûn ferjitten
rûnom it wiet, en feal de dei
de huzen, pleatsen lizze as skippen
driuwe as skippen yn de rede

lykas seelju sit men, wachtet men
stoarm net mear, mar wiete kjeld
oer jins grûnleas djippe kolken

djip is it wetter út de groppen wâle
djip út jins grûn wâlet de wanhoop op
o Heare, ha Jo ús fergetten?
skriuw yn it ferjittelboek ús net

it kâlde wiet, de doffe leaden spegel
ferjit wat efterbleau
lit yn de rede lizzen wa’t efterbleau

ûnder dit deiljocht feal as âlde himden
wachtet men de moarntiid
op Jo moarntiid wachtsje ik, och wannear?

út ús djippe kolken, út dizze grûn
wâlet it ferjitten op
ien mar waard dit lân, in doffe spegel

spiel oer ús
Jo grime net, mar sjoch op ús, Jo antlit

dit wetter is oer de groppen spield
dizze puollen ha de wâl fergetten
dizze grûn hat him yn de mar fergetten
hjir spegelet ús grûn as lead sa griis

André Looijenga 2.2.2025
Betinking wettersneed 1825
Foardroegen op Sânfurd

Dielnimmende dichters

Lêzing Abe de Vries oer Waling Dykstra

Publykslêzing snein 9 febrewaris 2025, Nieuw Allardsoog, Bakkefean

Op sneon 8 en snein 9 febrewaris hâldt it Skriuwersbûn in noflik wykein foar leden. Nei in aktive workshop oer toanielskriuwen op sneon, is der op de sneintemoarn in lêzing dy’t ek tagonklik is foar it publyk. Abe de Vries (skriuwer, dichter, oersetter, essayist, journalist en mear) sil leafhawwers fan de Fryske literatuer fertelle oer syn biografy oer Waling Dykstra (1821-1914), samler en skriuwer fan folksferhalen en ek einrekdakteur fan it Frysk wurdboek. Wat makket Waling Dykstra sa spesjaal en nijsgjirrich en hoe wurket dat: in biografy skriuwe?

De lêzing begjint om 10.30 oere en kostet foar net-leden fan it Skriuwersbûn € 15,00 (mei kofje/tee en wat derby). Wa’t nei ôfrin ek graach lunsje wol mei de oanwêzige skriuwers, om te praten oer harren wurk en de Fryske literatuer yn it algemien, is fan herten wolkom. Lêzing en lunsj binne dan € 30,00. Oanmelde foar de lunsj is wol ferplichte. Dat kin op ynfo@skriuwersbun.frl

Snein 9 febrewaris 2025, 10.30 oere, Nieuw Allardsoog (seal De Eend), Bakkefean.

Lanlike Gedichtedei: Emily yn it Frysk

In jûn oer Emily Dickinson en it oersetten fan har poëzy.

Dizze gearkomste is yn it Frysk.

Har poëzy is guon lêzers sa dierber dat se har koartwei Emily neame, as wie sy in hertsfreondinne. Tagelyk heart it wurk fan de Amerikaanske dichteres Emily Dickinson (1830-1886) ta de hichtepunten út de wrâldliteratuer. Botte tagonklik is it oars net: Dickinson har gedichten binne faak riedseleftich en tsjuster.

It oersetten fan har poëzy yn it Frysk is in dryste ûndernimming, mar it bringt it ek tichterby. Yn neifolging fan de Fryske dichter Obe Postma is Klaas van der Hoek dy útdaging oangongen. It risseltaat is syn lêstendeis ferskynde bondel Smel is it Strân fan ’t Hert, mei 150 Dickinson-oersettings.

Sjoch foar mear ynformaasje by Tresoar

Stjoer in ierdappelfers op

Frysk en Frij jout in sammeldichtbondel út mei lyryk oer it tema: Ierdappel. Oarspronklike fersen dy’t net earder publiseard binne. Soks yn it ramt fan in histoarysk-multykulturele meartalige manifestaasje, – De keunstmjittige ierdappel? – sjoch Erfgoed Fundaasje. It wurk kin gean oer de ierdappel yn alle opsichten en ynstjoeringen yn alle tongslaggen binne wolkom. By guon talen en dialekten is in oersetting yn it Frysk of Nederlâns wolkom, dat kin de skriuwer sels it bêste besjen.

Sjoch foar mear ynformaasje by Frysk en Frij

De Elemintêre Deelen yn Gersleat – snein 13 oktober

De earste fan twa poëtyske middeis, organisearre troch it Frysk dichterskollektyf RIXT, yn gearwurking mei Stifting It Tripgemaal.

Fan healwei twaen ôf rûnen de minsken ûnder in reinbôge it Tripgemaal yn. Poëtysker koe hast net. It waar slute perfekt oan by it tema fan dizze middei: ‘De Elemintêre Deelen’, in tema dat alle dichters op ferskate wize ynterpretearre hiene. Diskear wienen Syds Wiersma, Lara Kool, Christa Niklewicz, Anne Heegstra, Job Degenaar en Tanja van Abbema oan bar. Tuskentroch spile pop-folkduo ‘biologisch afbreekbaar’ harren prachtige nûmers en wie der ek in gastoptreden fan de Ierske dichter John Brown út Belfast. In bysûndere middei, dêr’t spontaanwei dichterduo’s ûntstiene, wat it ta in unike ûnderfining makke. Al wie it kâld yn it Tripgemaal de sfear wie waarm en gesellich.

Foar wa’t it mist hat, kommende snein noch in kâns: Edwin de Groot, Dien L de Boer, Carla vd Zwaag, Ypie Bakker, Janna vd Meer en Bauke Terpstra sille harren wurk foardrage. Om 14.00 oere yn it Tripgemaal, ynrin fan 13.30 oere ôf en de tagong is fergees.

Lara Kool

 

 

Type
Publyk
Biologisch Afbreekbaar (1)
Biologisch Afbreekbaar (2)
John Brown
Lara Kool
Tanja van Abbema

 

Foto’s Geart Tigchelaar