Hotpants

Sigrid Kingma is de moannedichter fan july 2024 by RIXT. Har earste moannegedicht is Hotpants.

 

Hotpants

Ik soe sizze kinne dat it lekker sit
ik moat wat sizze
kinst it samar dwaan
sûnder reden te jaan

Ik ha wolris sein dat
al myn lange broeken yn de wask sitte
is der ien dy’t dat genôch ekskús fynt?

It sit oars fansels
it is as mei nuchtere juffen
sy kinne net begripe
wêrom’t dreamers dreame
as se soks besykje
dan falle se út de rol

We binne net allegear krigers
guon fan ús fange mâlbroekmiggetinzen
yn diggelfjoer dat opspat
dêr giet in krêft fan út
en tsjoenders hawwe krekt dêrom
hotpants oan ûnder har cosplay

Nim mar fan my oan
juf snapt it net
sy is de útlizzer
fan foarsisbere puzels
in rapport is gjin resept
foar prate mei libelles

Mar ast de opperflaktespanning
fan de wjukken op it wetter
brekke kinst, hoeden de lytse draak
út de groppe helpst
dan praat se werom

Juf is fierder wol leaf hear
kin sy it helpe
dat se gjin tsjoender is
sy sil nea hotpants oan ha
ûnder har cosplay

Suse nane myn poppe dûnset
op de hakken fan Europa
fynt koarnieren op it plein
hâldt har fier fan rûzjen
alles libbet sa fûleinich
se kinne har net beroppe

My wol
35+
Hotter than my daughter
Sellulitis
Pokémontrener go!
Bist net in punker, wol?

Ja juffer, nee juffer
tankewol juffer
lokwinske mei jo oanfal
jo binne in bêste kriger

Mar salang’t wy ús raakflakken
tsjin inoar oan plakke
is der genôch papier-masjee
foar ús beiden
ha mar gjin noed
ik hâld it jûn simpel
gjin cape, gjin hoed
gewoan hotpants.

 

The Reek

Syds Wiersma is dichter fan de moanne juny. Hy hat yn april-maaie troch Ierlân reizge en dêr poëzy skreaun. By RIXT publisearret er no in pear fersen dy’t geane oer bysûndere bergen dy’t er oan de westkust fan Ierlân beklommen hat. It twadde gedicht The Reek giet oer de Croagh Patrick (764 m), in eintsje bûten Westport oan Clew Bay. The Reek is de lokale bynamme foar de Croagh Patrick, omdat de koanyske foarm fan de berch wol wat liket op hoe’t de turven faak yn it fjild faak steapele wurde om te drûgjen.

Utsicht fan the Reek ôf. (foto Syds Wiersma)

The Reek
Westport, Croagh Patrick

Sa leist de turven, yn in reak,
in grize piramide op de sompen.
Sint Patrick sodze troch it weak
doe’t hy op grutte muontseklompen

fan Ballinduffer Abbey kaam
om fjirtich nachten op de top te fêsten,
it heidensk njirrebrod te slaan
en honger, toarst mei rein en kjeld te dwêsten.

De berch omheech oer wrede stien,
de ien dy krûpt, de oar betwingt de hichte,
mar oars is elk nei ûnd’ren gien:
Clew Bay in spegelryk fan kustgesichten.

’t Kapeltsje boppe-op is ticht,
guon bidde roazehuodsjes op de treden,
de rest sjit plaatsjes fan ’t útsicht,
de hillige yn ’t tsjuster swijt oer frede.

Wat Jezus fûn yn de woastyn,
bedjippe Paddy út rikjende Ierske loften.
De wrâld, it libben is in myn
foar wa’t de tiid nimt, lange lege skoften.

The lone poet

Syds Wiersma is dichter fan de moanne juny. Hy hat yn april-maaie troch Ierlân reizge en dêr poëzy skreaun. By RIXT publisearret er no in pear fersen dy’t geane oer bysûndere bergen dy’t er oan de westkust fan Ierlân beklommen hat. It earste gedicht The lone poet giet oer de Nephin, de heechste stand-alone berch yn Ierlân (806 m). The Nephin leit oan de westkust yn county Mayo, boppe de stedsjes Westport en Newport.

The Nephin

 

The lone poet
North Mayo, the Nephin

De âlde, drôve dichter sliept meastal,
in stand-alone dy’t hearsket as er wol.
By ’t wekker wurden knypeaget er koart,
bisto it dy’t er sjocht, dan slacht syn wurd
dy mei de macht fan hazzenutehout.

De âlde dichter hat in hiel grut hert,
dat leit nei ’t noarden iepen yn it skaad
en brocht leau ’k nea in hillige omheech.
Hy is gewoan in mânske berch, wat dreech
fan aard mar wol de sit fan goademacht
en Connaughts keningen, en elvedracht.

Hy briedt al iuwen op syn lêste fers,
it moat in bytsje oars no, wiis mar dwers.
Hy skriuwt it nachts en sjocht dan achterom
en ropt syn muze en syn maat: Lough Conn,
in mer à boire dat bearzen foar him fong.
Is ’t dêrom dat syn rêch wat fiskich glimt
yn ’t ljocht dat jûns sa fier út see wei skynt?

Fier fan hûs

Aukje-Tjitske Dieleman, gastdichter by RIXT,  is dichter fan de moanne april. Har earste moannegedicht is ‘Fier fan hûs’.

Aukje-Tjitske is op dit stuit ien fan de stedsdichters fan Terneuzen. Mear oer dizze dichter op https://semperscribo.com/

Foto: Geart Tigchelaar

 

Fier fan hûs

Fier fan hûs
falt de taal
dyn kant op

de seedyk
skynt dy ta
de greiden
yn dyn tinzen
dogge sear
oan ‘e eagen

Fier fan hûs
boust in thús
sjoust dyn taal
mei dy mei

mar dyn aksint feroaret
dyn eagen wenne
dyn earen heine
de taal net mear

de diken
en de greiden
de tsjerketuorren
sels de binnenstêd
dêr’tst hast nea kaamst
kinst net te pronk sette
op it finsterbank

Yn dyn nij hûs
bliuwst altyd in bytsje
fier fan thús

 

 

 

wees gegroet / wês groete

Ina Schroders-Zeeders is dichter fan de moanne maart 2024. wees gegroet / wês groete is har tredde moannegedicht.

wees gegroet

over de begraafplaats in de nacht
stapt Gabriël
zijn ene vleugel lam
zijn kruiwagen vol teddyberen

het spoor van witte veren in de morgen
als dat van een geslachte duif
loopt tot aan het roestig hek
met mistig licht erachter

in de krant spreekt men van stortbuien
ook teddyberen regent het steeds vaker
veroorzaakt door verandering
van het klimaat

wês groete

oer it tsjerkhôf yn de nacht
trêdet Gabriël
syn iene wjuk lam
syn kroade fol mei teddybearen

it spoar fan wite fearren yn de moarn
as dat fan in slachte do
rint oant it rustich stek
mei dizenich ljocht derefter

yn de krante hawwe se it oer stjalprein
it reint ek hieltyd faker teddybearen
komt troch feroaring
fan it klimaat

Oersetting Syds Wiersma

zijwaarts / fansiden

Ina Schroders-Zeeders is dichter fan de moanne maart 2024. zijwaarts / fansiden is har twadde moannegedicht.

 

zijwaarts

ik kijk zijwaarts het leven in
om de deur op een kier
ik bezie de anderen met afstand
dan ben ik een telescoop op de maan

soms zit de dood in de woonkamer
op de zwarte bank naast mijn moeder
en ze negeert hem want haar mankeert nooit iets
maar de dood doet zich al tegoed aan de cake

ik sluit vaak die deur
er is nog zoveel buiten het leven om
de kat in de keuken de tekenspullen in de speelkamer
ik kan er heen gaan maar het hoeft niet

in de woonkamer wordt gelachen
de dood vertelde een mop
mijn moeder giert het uit
haar mankeert nooit iets ik heb altijd wat

 

fansiden

ik sjoch fansiden it libben yn
om de doar op in kier hinne
ik besjoch de oaren mei distânsje
dan bin ik in teleskoop op de moanne

soms sit de dea yn de wenkeamer
op de swarte bank njonken ús mem
en sy skouderet him want har mankearret nea wat
mar de dea docht him al tegoede oan de cake

ik slút dy doar faak
der is noch safolle bûten it libben om
de kat yn de keuken it tekenark yn de boarterskeamer
ik kin der hinne mar it hoecht net

yn de wenkeamer wurdt lake
de dea fertelt in mop
ús mem geit it út
har mankearret nea wat ik haw altyd wat

oersetting Syds Wiersma

nu het nacht is / no’t it nacht is

Ina Schroders-Zeeders is dichter fan de moanne maart 2024. Har earste moannegedicht is ‘nu het nacht is / no’t it nacht is’.

 

nu het nacht is

moeders van vermoorde aleksejs
uit elkaar gerukte lijken in gaza
handen stekend uit aarde
wachten

aangestampte graven
grijze moddersteden
lichaamvretende raven
wachten

gekgeworden wereldleiders
opgefokte waarheidmijders
dolgedraaide vrijheidsstrijders
wachten nu het nacht is
wachten af

Foto: Geart Tigchelaar

no’t it nacht is

memmen fan fermoarde aleksejs
teskuorde liken yn gaza
hannen stekkend út ’e grûn
wachtsje

oanstampte grêven
grize drekstêden
lichemfrettende ravens
wachtsje

gekwurden wrâldlieders
opfokte wierheidsmijers
healbizen frijheidsstriders
wachtsje no’t it nacht is
wachtsje ôf

Oersetting Geart Tigchelaar