Bearput

Bearput is Christa Niklewicz har moannegedicht fan maaie 2025 by RIXT.

Bearput

Holle, hert en búk
Holle makket wurden
Hert jout enerzjy
Búk lit witte

Dat it net inkeld de tinzen of de passy binne
Dêr’t skippen mei thúskomme
Mar ek it kompas
En dêr it fertrouwen yn

Soms sliept ien
Soms is it lijen of
Inkeld koarte panyk
Draaft ien fan trijen troch

Tsjustere see
Unwis fiergesicht
Mei hope leauwen en leafde
Befarre sy de bearput

 

 

Op ’e grins

 

Simon Oosting is RIXT-moannedichter fan maart 2025.

Syn twadde moannegedicht is Op ‘e grins.  Sjoch ek de ynlieding by Oosting syn earste moannegedicht.

Foto: Simon Oosting

 

Op ’e grins

i) (oer Sina)

wat de âlde dichter sei
griis en brún it lân en
grêven lâns de diken
en oeral in oertal
fan minsken

ii) (love tesliten)

sy wie ien fan ’e hippys
fan sixty-eight
mei linten oan ’e rok en
in bân om it hier
dat frij wie as har

love no war

no

no is sy in loaie lape
op in elektryske fyts
dy’t my tabyt dat ik
har yn ’e wei rin
mei myn koffers op har paad

tesliten
love

no is

no is
in akelik smel grinsflak
tusken doe en letter

no is
no love

iii) (ûnwissigensprinsipe)

de trein gie nei Leien
en as ik
kat yn ’e doaze
sitten bleaun wie
hie ik it ferline yngien

no stap ik Schiphol út
en Sina yn

 

iv) (prosesje)

sa’t wy reizgje sa libje wy
dêr’t wy binne binne wy
de dingen
wat se ek mar binne

in plein it park
in leechrûn doarp
in pake dy’t oer Mao sjongt
en spilet op de erhu
de timpel fan ’e slang

komme yn prosesje foarby

oaren steane by de ferbeane stêd
yn rigen fan wol oardel kilometer

v) (Schrödinger’s kat)

de kat fan Schrödinger wennet by ús
hy krûpt my om ’e skonken

 

vi) (diamonds and rust)

wat ea koal wie waard diamant
wat blinkend metaal is wurdt rust

 

vii) (sublimaasje)

op ’e grins fan iis en damp is gjin wetter
en sa bestiet it no net yn ’e sublimaasje fan doe nei dan

no is in dream

 

viii) (stasjon Qinghe)

de twa folle in automaat mei
wetter kola kâlde tee
de fleskes hellet ien

it iene nei it oare

út de doaskes
de oar hat in pinne en skriuwt
op in reepke papier
foar elts fleske

in teken

ix) (by Zhangjiakou)

tusken tradysje en moderniteit
rinne de doarpen leech
en is een harder bliid
mei in sûkeladereep

 

x) (Beijing nijjier)

de slang
syn lampionnen binne as ballonnen
fongen op de tûzenen balkonnen

fan wolkekrabbers
op ’e
skyline fan ’e stêd

wy bivakkearje op ús line
dy’t sa wy witte
net stil stiet
en skoot de kant út
fan de wolkekrabbers
ûnmiskenber tichterby
komme de grêfsarken
lâns de diken fan
it grize en brune lân

no is dan is dêr
it lêste pleisterplak

fan de kat

Foto: Simon Oosting

Sineeske fersen

Simon Oosting RIXT-moannedichter maart 2025

Ik makke foar myn wurk in reis nei Sina, yn febrewaris 2025. Sina hat in âlde kultuer en skriuwers as Slauerhoff, Obe Postma en Eeltsje Hettinga wiene, lyk as iksels, yn ’e besnijing fan de poëzy fan Bai Juyi dy’t in byld jout fan dy âlde kultuer (Bai Juyi libbe fan 772 oant 846!). As moannedichter fan RIXT haw ik mysels opjûn om in âld ‘Sineesk’ gedicht fan mysels op ’e nij foar it ljocht te bringen en om mei in nij fers te kommen. Earst it âlde gedicht.
Yn myn twadde bondel hûnewacht (2012) haw ik in rige ‘Sineeske’ gedichten opnaam. Ien dêrfan wie it fers ‘Yn Hsien Yang’, skreaun foar de Wjerklank, it tydskrift fan it Obe Postma Selskip. De oanlieding wie in gearwurking tusken it Obe Postma Selskip en de Moanne oer de fassinaasje dy’t Obe Postma en Slauerhoff hiene foar de Sineeske dichter Bai Tsju-i (út te sprekken as Po Tsju-i, al seit myn Sineeske kollega Bai Tsju-i). Ik wie ien fan de hjoeddeistige dichters dy’t wat mei dy fassinaasje dwaan woe en soe. Ik begûn mei it keapjen fan it tsjûke boek fan Idema (Bai Juyi (Po Tsju-i, 772-846) Gedichten en proza), dat yn 551 siden oersetten proaza en poëzy in byld sketst fan it libben fan de dichter, skriuwer en magistraat dy’t dit jier 1253 jier ferlyn berne waard. Dat der persoanlike poëzy is dy’t sa âld is, is op himsels al genôch om my yn ’e besnijing te nimmen, mar Bai Juyi as dichter noch folle mear. Sa direkt, en iepen oer frustraasjes, dronkenskip en leafde hie ik nea betocht dat mooglik wie út dy tiid. Ik begriep de fassinaasje fan Slauerhoff en Postma folslein.
Idema hat it fers Rein fan Bai Juyi net oerset, Slauerhoff wol, mar hy joech it ‘In Hsien Yang’ as titel. Slauerhoff koe gjin Sineesk lêze, ferstean en skriuwe. Hy brûkte de Ingelske oersettings fan Sir Arthur Waley. Ik haw in ynternetferzje fan de oersettings fan Sir Arthur Waley út 1919 brûkt neist dy fan Slauerhoff. Ik haw der myn eigen bewurking fan makke. Foar Waley en Slauerhoff wie Bai Juyi in frjemdling yn Hsien Yang (of Hsün Yang by Waley of Xunyang by Idema). Fan 815 oant 819 wie Bai Juyi ferballe yn Hsien Yang. Hy wurke as magistraat foar de Sineeske machthawwers, en hy foel somtiden yn mar somtiden ek út de graasje fan wichtige minsken. Yn Hsien Yang wie er mear as in frjemdling; hy wie dêr ferballe en depressyf.
Hjirby de trije ferzjes fan it fers. Slauerhoff sette de lêste rigel fan Waley net oer; ik fyn it de moaiste rigel fan in fers, dat ik haw dy wol opnaam.

 

 

In Hsien Yang

(oerset en bewurke troch J.J. Slauerhoff, út de bondel Yoeng poe tsjoeng)

Zoolang ik als vreemdling in Hsien Yang woonde,

Beleefde ik geen dag zonder regenstroomen.

De zon brak zelden die grijze vloek,

In zware slaap bracht ik mijn tijd te zoek.

Het meer reikt tot de kim en wil niet slinken,

De wolken zakken, dreigen te verdrinken.

Ik hoor den wind de oeverwilgen wringen,

Achter de mist onzichtbare visschers zingen.

‘k Zie witte spoken in de grauwe wijlen.

Wat zijn ‘t? Verdoolde vogels? Natte zeilen?

(Po Sju I)

 

 

Rain

(oerset en faaks ek bewurke troch Sir Arthur Waley, út de bondel A hundred and seventy Chinese poems)

Since I lived a stranger in the City of Hsün-yang

Hour by hour bitter rain has poured.

On few days has the dark sky cleared;

In listless sleep I have spent much time.

The lake has widened till it almost joins the sky;

The clouds sink till they touch the water’s face.

Beyond my hedge I hear the boatmen’s talk;

At the street-end I hear the fisher’s song.

Misty birds are lost in yellow air;

Windy sails kick the white waves.

In front of my gate the horse and carriage-way

In a single night has turned into a river-bed.

Boarnen
Idema W.L., 2001). Bai Juyi (Po Tsju-i, 772-846). Gedichten en proza. Atlas, Amsterdam/Antwerpen. (2de printinge 2007).
Oosting, S.J., 2012. hûnewacht. Afûk, Ljouwert.
Slauerhoff J.J., 1930. Yoeng poe tsjoeng. A.A.M. Stols, Maastricht/Brussel. (2de printinge 1933).
Wales, A.D., 1919. A hundred and seventy Chinese poems. Alfred A Knopf, New York, USA.

Omslach Hûnewacht

febrewaris

Jan Kooistra is de earste moannedichter by RIXT dy’t in gedicht fan him ‘yn it moanneljocht’ set. Dat is in nije rubryk. De moannedichter siket in gedicht fan har/him út dat earder alris publisearre waard en ljochtet koart ta wêrom’t sy/hy dat gedicht noch wer ris ûnder de oandacht bringe wol.

Hjoed it earste gedicht yn it moanneljocht.

Jan Kooistra:
It iepeningsfers út de bondel Gershipper fûn ik om in pear redenen wol gaadlik om ris foar de fuotljochten te bringen. Yn ´t foarste plak fyn ik dat it fers moai past by dizze tiid en dat it mei it fers oktober dat der yn ´e bondel op folget in moai twalûkje foarmet. Mar der is noch in reden. Doe’t ik berne waard stie der wol in berjochtsje yn ´e Kollumer Courant mar in bertekaartsje ha ik noait hân. Yn ´e jierren njoggentich waard myn libben ferrike mei trije bern en dy ha allegear in alleraardichst bertekaartsje krigen. Ik tink dat ik doe betocht ha om ek mar ris myn eigen ‘poppekaartsje’ te skriuwen. It is wol wat ferromantisearjen fansels mar oan ´e oare kant, der skarrelen doe wier wite hinnen op it hiem en dat ús heit neist kij ek in mot mei biggen hie, ja, dêr koe ik net omhinne.

 

febrewaris

sa moat it begûn wêze, oan ´e loft de opgeande
moanne, kâld en betiid mar op it âld bargehok
glêdgrien fan it moas stie er lang al te skitterjen
it machtige, stoaterske dier, de sniewite hoanne

mei in goudfolle bek kraaide er him hast út ´e liken
mar ûnder de kap, dêr’t it stoffige hea broeid hie
fan de wietsjende simmer en dêr’t de hunen net kamen
misgriep in grimelige murd him oan ien fan syn piken

en yn it bûthús mei in pet dy’t glânzge fan smoargens
siet de heit ferwoest syn fyftjin bisten te melken
mar foar de kachel in barchje, de mem driuwend yn ´t
swit fan it arbeidzjen op bêd, gûlend fan wargens

ja, sa sil it west ha, al lang wer werom by it fee
de ferromme, mar altyd wat swijsume heit, de poppe al
klaaid en sliepend tsjin in boarst fan de mem dy’t gloare
fan blidens en op de tafel it brea, de tsiis en de tee

út: Gershipper, Koperative Utjowerij, Boalsert 1998

en alwer febrewaris

Jan Kooistra is dichter fan de moanne febrewaris by RIXT. Syn earste moannegedicht is ‘en alwer febrewaris’.

Foto: Jan Kooistra

 

en alwer febrewaris

gjin moanne, gjin stjerren, as wie it desimber, mistkâld
en lûden fan doarmjende guozzen, yn ‘e fierte komme de
lêste seinen fan it lette doarpslibben al neier, hy siket mei
de bûslampe syn hûn dy’t weiwurden is yn it tsjuster fan

de houtwâl, mar dan ljochtsje se op, twa felgleone eagen
yn ´t donker, as wie er de wolfsgod út in fier en skimich
ferline en samar falle him de suveringsfeesten yn ´t sin
tiid fan fersoening, gjin timpel wie iepen, gjin muzyk mocht

der klinke, allinnich by nacht in besyk oan ´e deaden, hy rint
oer it brechje en heart it skolperjen fan it tsjustere streamke
wêr bliuwe de jierren, wêr binne se keard dy’t er kwytrekke is
it set him op ´t sin en dan it nijs yn ´e kranten, dy ôfgryslike

bylden, it lit him net los, dy machtige mannen, dea en ferdjer
bringe se, noait ha se genôch, hy soe se oan in rots fêstneilje
wolle en lit dy krieën mar frette mar wat kin er no eins, hy is
al krekt sa ûnsichtber as syn teken oan de noardlike himel

yn ´e buorren rint er hurder, ek de hûn wol ynienen nei hûs
de doar giet op ´t slot en hy dôvet it fjoer, komst ek, heart er
har roppen, beriede hoecht er him net, hy giet de sliepkeamer
yn, docht út wat er oan hat en krûpt stiif tsjin har oan

Klik hjir foar de foardracht troch Jan Kooistra.

Knoffelje

Ineke van der Heide is dichter fan de moanne jannewaris 2025 by RIXT. Har tredde moannegedicht is ‘Knoffelje’.

Foto: Ineke van der Heide

Knoffelje

Ik moat hurd
aveseare
wer besykje
myn learzens
bin’ te grut
ik stroffelje
ik knoffelje
as in ko op klompen.

Swiet

Ineke van der Heide is dichter fan de moanne jannewaris 2025 by RIXT. Har twadde moannegedicht is ‘Swiet’.

 

Swiet

Sytske hâldt fan sûkelade,
fan sûkerbôle
fan sjerp en sjem
fan ierdbeien mei sûker deroer!

Sytske priuwt in sitroen
sa soer, sa soer…
ik sjoch it oan har mûle
har mûle kin der wier net oer.