Fryske poëzij by ‘Dichters in de Prinsentuin’

Ofrûne wykein wie de Fryske poëzy goed fertsjintwurdige by de ienentweintichste ôflevering fan Dichters in de Prinsentuin yn Grins. Dat begûn sneon al op it sfearfolle Theeveld en yn de Loofgangen mei optredens fan Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga. Sneintemoarn stie it festivalprogramma alhiel yn it teken fan Fryske dichters. In grutte groep poëzyleafhawwers sammele har op it binnenplein fan it Skipfeartmuseum foar in Fryske-Brunchkuiertocht. Elmar Kuiper, Gerrit de Vries en Syds Wiersma iepenen dêr de kuiertocht. Se makken it dek fan it skûtsje Alida ta har poadium. Dêrnei waard Reid-Wurd-Wyn, de nije Font-film fan Eeltsje Hettinga en Lotte Middendorp, yn it Skipfeartmuseum fertoand. Spitigernôch moast Hettinga him siik ôfmelde foar syn koarte ynlieding oer de steat fan de hjoeddeiske Fryske poëzy. Yn stee dêrfan ynterviewden Kuiper, De Vries en Wiersma elkoar oer har dichterlik krewearjen. Op de Grutte Merk wie Geart Tigchelaar doe al dwaande mei de warming-up foar syn dichtersbattle mei de Grinzer dichter Myron Hamming. Tigchelaar, dy’t hope hie op in flugge knock out, wûn it gefjocht neffens de Rotterdamse skiedsrjochter Dean Bowen, úteinlik op punten. De Fryske brunchkuier einige yn de Prinsentuin mei kliemske sûkerbole en The Siskins, in nij oersetters-sangerstrio mei û.o. Friezinne Klaske Kamstra. Neidat Arjan Hut it publyk op it Theeveld soel heupwidzje liet op fersen út syn bondel Aurora Bossanova, treden de neamde dichters middeis op yn de Loofgangen.

De foto’s binne snein makke troch Ydwine Scarse en Geart Tigchelaar

 

Geart Tigchelaar
Syds Wiersma
Gerrit de Vries
Arjan Hut
Elmar Kuiper

 

 

Dichters fan RIXT by de Pauperfontein yn Warkum

Op sneon 07-07-18 hawwe Edwin de Groot, Evita Bakker, Cornelis van der Wal en Geart Tigchelaar by de pauperfontein yn Warkum optreden. As in echt iepen mienskipskollektyf sluet Wiebe Zoethout as Hylper dichter him oan dy’t hurd yn de boekwinkel wat gedichten útdraaid hie. Tank oan Henk de Boer dy’t ús in poadium bea en letterlik en figuerlik yn it sintsje sette.

Foto’s Geart Tigchelaar en Evita Bakker

Wiebe Zoethout
Henk de Boer
Edwin de Groot
Evita Bakker
Cornelis van der Wal
Geart Tigchelaar, foto Evita Bakker

 

Dichters fan RIXT yn Boalsert

Op 30-06-2018  hawwe de dichters Aggie van der Meer, Pieteke de Boer, Jetze de Vries en Syds Wiersma besikers fan it strjitfestival BOLStjurrich mei it heamiel yn Boalsert poëtysk ûnderholden. Hja hawwe foardroegen by de Broeretsjerke en yn it romrofte Boekhús, dêr’t ea de Koperative Utjouwerij begûn is.

 

Dichters fan RIXT yn Obe, mei poëzy oer it Fryske lânskip

Moandeitejun 18-06-18 ha seis dichters fan us kollektyf yn OBE optreden mei poëzy oer de lânskippen fan Fryslan. RIXT wie der op útnûging fan Bert Looper, direkteur fan Tresoar. Hy hie syn kollega-direkteuren fan Regionale Histoaryske Sintra (RHC’s) op besite en woe har yn ‘e kunde bringe mei de problematyk fan it Fryske lânskip en hoe’t Fryske dichters dat yn har poëzy ferwurkje. Oare gasten wiene Klaas Sietse Spoelstra en Nynke Laverman.. Klaas Sietse fertelde oer Kening fan de Greide en syn fyzje op de lânskipsproblematyk. De jûn waard ofsletten troch Nynke Laverman, mei in poëtyske fertelling oer de kontakten dy’t se de foarbije jierren mei de muzikale tradysjes fan ferskate folken en talen lei.

De oanwêzige dichters wienen Jetze de Vries, Hidde Boersma, Elmar Kuiper, Yva Hokwerda, Henk Nijp en Dirk Geerdink.
Hjir fine jo in pear fan de foardroegen gedichten.

Henk Nijp – de wachter
Jetze de Vries – Harns en syn waadsee
Dirk Geerdink – De loft
Yva Hokwerda – Leave boer, ik bin dyn suster

It doel hilliget de middels

12 juny 2018
Troch Syds Wiersma útsprutsen op de ynsprekjûn oer Nij Hiddum-Hou op 11 juny 2018 op it Provinsjehûs yn Ljouwert.

Mei út namme fan de dichters: Evita Bakker, Anne Feddema, Edwin de Groot, Tsjisse Hettema, Hein Jaap Hilarides, Yva Hokwerda, Bennie Huisman, Simen de Jong, Jan Kleefstra, André Looijenga, Henk Nijp, Friduwih Riemersma, Marije Roorda, Geart Tigchelaar, Kate Schlingemann, Jetze de Vries en Cornelis van der Wal.

Achte Steateleden,

IT DOEL HILLIGET DE MIDDELS

Of yn oarspronklik Latyn: Exitus acta probat. Yn goed Frysk: De útkomst rjochtfeardiget de dieden.

Yn it ekstreme doeltinken dêr’t in grut part fan dizze wrâld yn finzen sit, wurdt dizze siswize graach út de kast helle om minsken derfan te oertsjûgjen dat it doel foarop stiet en de middels dêrta offers freegje dy’t se drage moatte.

Oer it achterlizzende doel binne wy it hjir iens. Om it ûnheil te kearen moat der in enerzjytransysje komme. Trochpakke is it biedwurd. Mar krekt op sa’n krusiaal omslachpunt leit it gefaar op ‘e loer. Want yn de measte gefallen hilliget it doel de middels hielendal net. Seker net as der oare middels mooglik binne. It freget politike moed om op sa’n punt te sizzen, ho ho, hoe kinne wy dit dwaan op in wize dy’t goed foar Fryslân is, in breed draachflak hat en de krêften bondelet.

Ien ding is dúdlik: Dit wynplan makket minsken stikken, spjaltet mienskippen en helpt in âld en karakteristyk Frysk kultuerlânskip nei gichem. Dêr’t wy yn Fryslân ien fan de moaiste hoarizontale lânskipskomposysjes fan de wrâld hawwe, wolle wy njoggen fertikale read fjoer spattende reuzesyklopen fan 210 meter heech pleatse mei in slachkrêft dêr’t sels Don Quichotte kâld en mismoedich fan wurde soe. En wat berikke wy dermei? In lyts groepke minsken wurdt der ryk fan en in grutte groep hiel ûngelokkich.

Eltsenien wit dat dit doel op oare wizen berikt wurde kin. Wy ha de see, wy ha yndústryterreinen en wy ha doarpen dêr’t in mûne de mienskip net spjaltet mar krekt sterker makket. Wêr’t alternativen binne, hilliget it doel noait middels dy’t ús tsjininoar útspylje, minsken siik en wanhopich meitsje, en ús lânskip ferkrêfte. In polityk dy’t dan dochs foar sa’n middel kiest, bringt pine en frustraasje en sil noch generaasjes lang trochetterje. Dêrom, út namme fan in grutte groep Fryske dichters rop ik jim op om partijpolitike belangen oan ‘e kant te setten en te dwaan wêr’t jim hjir foar sitte: wize besluten nimme dy’t Fryslân fierder helpe, it goede behâlde en minsken byinoar bringe ynstee fan ferdiele.

As dichters ha wy mar ien middel. It wurd. It Fryske wurd is prachtich. It kin ús de skientme en wearde fan ús lân sjen litte. Ien fan ús grutste dichters, Obe Postma, kaam fan Koarnwert. De Ljurk fan it Fryske lân waard er neamd. De ljurk binne wy kwyt. En wêrom? Fanwege datselde ekstreme doeltinken en it kiezen fan middels dêr’t fan sein waard dat se goed wienen om it doel te berikken: produksje, produksje, produksje. Mar de ljurk is fuort, stiet symboal foar de kealslach.

Yn tiden fan wankend ûnrjocht helpe moaie wurden net. Dan moat de taal skerp as in mes wêze. De needgjalp Nij Hiddum-Hou Nee, dy’t Geert Mak inkele dagen lyn op YouTube pleatst hat is dat.

 

 

Kariljon en Poëzy

8 juny 2018
Hofplein, Ljouwert
19.30 oere

Muzyk en poëzy fan Fryske grûn. Fiif komponisten ha nij wurk foar it kariljon/de beierd skreaun. Fiif Fryske dichters reägearje yn lûd en wurd. Beierdmuzyk en dichtkeunst yn it Frysk, Bildts en Stellingwarfs komme op 8 juny byinoar op it Hofplein yn Ljouwert. Harkje dan nei it âldste muzykynstrumint fan Ljouwert en hear wat de dichters der bybringe.

Dielnimmende komponisten en dichters:

Cees Hiep + Cornelis van der Wal (Frysk)
Joop Visser + Hein Jaap Hilarides (Bildts)
Hoite Pruiksma + Aggie van der Meer (Frysk)
Pieter Bakker + Tsjisse Hettema/Aafje Bouwer (Stellingwarfs)
Feike van der Zee + Henk Nijp (Frysk)

Kariljon en Poëzy is in projekt fan CityProms, Afûk en RIXT, nei in idee fan komponist Feike van der Zee.

Hjir folget it beierdgedicht fan Aggie van der Meer

WACHTSJE…..

Wachtsje….
wat jo hearre
dyn earen streaket
is foar jo
foar dy

Is in jefte…..
in lûd dat sjongen is
betsjoenen is
rynsk is
Treast en lok

Nûget dy te dûnsjen
omearmet dy
flústeret de leafste namme
jout dy de wurden
foar it liet fan dyn langsten

Net ferjitte…..
it heugen fan wat wie
gelok wie
skrinende ferealens
dat bliuwt, bliuwt

Wachtsje……
wat jo fiele
de treastende triennen
fertelle it ferhaal fan de dea
stille tsjûge

Altyd wer
Altyd wer

© Aggie van der Meer