grutbek

‘grutbek’  is Ypie Bakker har twadde moannegedicht fan oktober by RIXT.

grutbek

pleisterplakkers en wynbrauoplûkers
silst se nea nei de bek prate
bist wers fan swietpraterij

do neamst it bist bij de namme
setst it mes der fuort yn swolderij
moatst iepen snije etter moat fuortrinne

smookst as in skoarstien flokst as in
boufakker en in slatter sûpt minder
as dy dyn toarst is grut lykas dyn mûle

koarrest fan salvjende wurden
seist wêr’t it op stiet, it rôlet dy fan ‘e
lippen kinst elkenien der mei ferslaan

mar ik ken dy langer as hjoed hast in
grutte bek mar in lyts hert wa’t wol kin der sa
ynkomme it kaaiwurd leit gewoan by

de achterdoar ûnder de matte

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *