Siik

‘Siik’ is in fers fan Anders Rozendal.

Foto: Syds Wiersma

 

Siik

maitiid 2020

tusken De Falom en Quatrebras

striele de giele brem

it joech blidens en hoop

al wienen de gedachten

by de kommende útslach yn Drachten

maitiid 2021

tusken De Falom en Quatrebras

glânze de giele brem

sa moai, glimken wy

likegoed wienen de gedachten

wat wy hearre soenen yn Drachten

maitiid 2022

tusken Quatrebras en De Falom

pronke de giele brem

wy hienen der gjin each foar

hienen inkeld de gedachten

by it fûnis út Drachten

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *