Geart Tigchelaar is moannedichter fan febrewaris by RIXT. ‘Hounspolder’ is syn earste moannegedicht.

hounspolder
lêze kin ik net
buordsjes fan hjir net briede
sykje mar in oar plak
binne oan my net bestege
fleane kin ik wol
en dat hiele einen
yn febrewaris kom ik
út afrika nei nederlân
sûnder te tanken
of in gehakbal yn sjú
navigearje kin ik as de bêste
sûnder gps en lânskaart
nettsjinsteande al jim ljochten
bebouwing en lânhonger
briede kin ik ek
al gau in aai as fjouwer
fyn marris in plakje
foar in moai nestke
ik sei al
lêze kin ik net
dus wat in reade list is
wit ik net
dat ik dêr op stean
fernuveret my net
fernuverje kin ik dus ek
oer it feit dat jim my grutsk neame
kening fan ’e greide
botte keningsgesind binne jim oars net
it lit him riede hoe’t jim omgeane
mei bisten dy’t net fan adel binne
prate kin ik net
dichtsje dan wol wer
dus ik einigje mei rym
wat in ferskuorrende kolder
dat jim bouwe yn ’e hounspolder!

