Femicide is in gedicht fan Carla van der Zwaag

Femicide
Dizze nacht,
iepenript troch nachtmerjes,
sil einigje yn moarnsread sinneberte.
Dizze dei sil nea in dei wurde
lykas oare dagen.
Dizze dei sil triennen drage
as in keatling
fan pearels sûnder glâns.
Dizze dei sil de nacht fêsthâlde
as roet
dat net mear wei te poetsen is.
Sels it sinneblikkerjen
hat de kleur fan git.
Moarn
sille fammen inoar moetsje mei
protestflage en skel lûd.
Jou ús
de nacht
werom.