‘Ik slút’ is in fers fan Tanja van Abbema

Ik slút
– ik slút myn eagen en ferdwyn –
it swart fan rom fluïde wiid
wurdt wider, wider noch as ljocht
fan stippen rûn flewielen firmamint
yn ienklang mei de sfearen wei
allyk in fisk, in fûgel bin ik frou
fan sirkelgong leech wetter oer
in fjouwerkantich libben fjoer

