Regina is in fers fan Janna van der Meer

Regina
It wurdt noait wat mei har.
Se kin net leare,
neffens de leararen.
En al sizze se dat net sa
dochs wit elkenien it:
de oare bern, har heit en mem
en hjasels.
Dêrom wurket se no by de boer
en nei it melken
rydt se op ús Fries.
Om it te belearen.
Dat wy der aansten ek op ride kinne,
net bang hoege te wêzen.
En dêr giet se.
Mei it lange hier
ûnder de cap ferstoppe,
fleant se troch de greiden.
It skomjende swarte bist
stevich tusken de skonken.
En dat bist lit him liede,
– in triuwke hjir in knypke dêr –
mar foaral lústeret it
nei ’t hiele tegearre wêzen
mei dizze faam,
dy’t opswypket en gerêststelt.
Dêr giet Regina.
Wy sjogge har nei
en lústerje
nei ’t bûnzjen
fan ’e grûn.

