Negativen is Sigrid Kingma har tredde moannegedicht fan april 2021.

Negativen De deade mosk is bedobbe dreame mei noch op de bonnefoai oer optochtrûpen en iepen knoppen festivaltinten yn wolkefjilden wattestaafke as fentyl foar de ûnderbúkmaitiid fier fuorttroppe fynst 2020 werom op in ferkeapkleedsje njonken de sjoelbak Kâld en stil koade swart mei in depresje stamppot rauwe data it terraswaar gjin sifer de flagge mei út wiuw ferbylde flekken fuort foar in sunich sintsje Yn de fields stean no túnmaatsjes earste resultaten wize út dat beantsjes foar blommen opkomme al binne der spruten by dy’t har net teste litt

