Beferzen de tiid is Aggie van der Meer har twadde moannegedicht fan febrewaris 2021

Beferzen de tiid Febrewaris, roetkâld en stil beferzen de tiid magysk hie er sein, it hie de hazze west, it waar hie it west, mar mear wie it de hazze útsnien byld, yngrift, de hazze hie beskûl socht hy, oerfallen, oerjûn wit dat it syn libben is, in jefte is dy dei, beferzen de tiid, hy soe it net ferjtte der hie net mear west as dat.

