Beferzen de tiid

Beferzen de tiid is Aggie van der Meer har twadde moannegedicht fan febrewaris 2021

 

Foto: Geart Tigchelaar

 

Beferzen de tiid

Febrewaris, roetkâld en stil
beferzen de tiid 
magysk hie er sein, it hie de hazze west,
it waar hie it west, mar mear wie it de hazze
útsnien byld, yngrift,
de hazze hie beskûl socht
hy, oerfallen, oerjûn 
wit dat it syn libben is, in jefte is

dy dei, beferzen de tiid. hy soe it net ferjtte

der hie net mear west as dat.

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *