Op 3 oktober mochten Syds Wiersma en Elmar Kuiper de Rely Jorritsmapriis yn ûntfangst nimme yn in it stedhûs fan Ljouwert. Neist foardrachten fan de winnende ferhalen en gedicht, waard ek it sjueryrapport foarlêzen en sprutsen de foarsitter fan it FLMD, Willem Verf en Ljouwerter wethâlder Hein Kuiken de winners ta.
De sjuery – besteande út Douwe Kootstra, Inge Heslinga en Rianne Blokzijl – wie oer it algemien te sprekken fan de hege kwaliteit fan de ynstjoerde stikken, mar hat de alderbêste bekroane mei in priis. Dat wiene trije yn totaal, twa ferhalen, fan Elmar Kuiper en Sjoerd Bottema, en ien gedicht, fan Syds Wiersma.

Lês mear oer de útrikking yn it ferslach op Ensafh.

