Fan 1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ‘e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in nij twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt, dat de namme ‘De bui’ krigen hat.

Hjoed hawwe dichters Ypie Bakker en Tsjisse Hettema by it Arkje oan harren strofe wurke.
‘It is fan ús beiden’

Harkje hjir nei it deistige tillefoantsje mei Omrop Fryslân foar de nije strofe fan it trochjougedicht. Om 15:46 oere fertelt Tsjisse oer de dei en Ypie lêst de strofe dêrnei foar.


