Doe’t dichter Eppie Dam hearde dat yn Italië en Spanje de folkslieten fan ‘e balkons ôf songen waarden, ynspirearre him dat ta syn ‘minskeliet’ dat it Frysk Deiblêd woansdei publisearre. Yn neifolging dêrfan wol it Deiblêd de kommende tiid mear romte jaan oan gedichten, skilderijen en oare keunstuterings dêr’t yn ‘e taal fan keunsten wurden mei fûn wurde ta treast en ferbining of foar hope, eangst en oare gefoelens om de koronakrisis hinne.
Sa wol de krante in poadium biede oan keunstners yn kultureel stille tiden. Poëzy, (foto’s) fan tekenings of oare kreäasjes binne yn te stjoeren fia cultuur@frieschdagblad.nl. Graach mei fermelding fan namme en telefoannûmer.


