De Oprop van De Moanne
Hjoed twa nije fersen fan Jan Kleefstra nei oanlieding fan in oprop fan it algemien-kultureel opinyblêd De Moanne. Kleefstra: ‘De redaksje fan De Moanne ropt Fryske skriuwers op om út ’e skulp te krûpen en harren om ’e werklikheid te bekroadzjen. Hat de redaksje him dêrby ôffrege wat ‘werklikheid’ is? Binne net alle (skriuwers)wurden en keunstuterings in refleksje op hokfoar werklikheid dan ek? Wat werklikheid hawwe se it oer? Ik kin dêr wol in reaksje op betinke, mar ik lit de folslein mispleatste suggestjes graach oan harsels. En as se dan ek noch guon nammen fan skriuwers neame dy’t har wól om dy saneamde werklikheid bekroadzje, skowe se alle skriuwers dy’t se net neame mei ien feech yn de blykber leechachte hoeke dêr’t nimmen har/him drok liket te meitsjen of dwaande hâldt mei de ‘werklikheid’. Los fan it feit dat se sa in soad skriuwers in net motivearre en ûnterjocht stimpel op ’e foarholle drukke, is it folsleine ûnsin. Elke skriuwer wurket mei har of syn werklikheid, hoe’t dy der ek útsjocht. Dé werklikheid bestiet net, hat noait bestien en sil ek gjin inkelde skriuwer oait bewege om dêr in wurd oan te wijen.’
https://www.demoanne.nl/skriuwoprop-wat-wit-ik-fan-dizze-wrald/
Twa fersen oer de werklikheid It hûs ferlitten in stok yn ’e hân yn myn each in protsje himel fûstfol meagere skamte eartiids bloeiden stimmen op fertrape leagens stienrûn wie dyn hân
In fjild hast sûnder beammen In lyts hert fan glês eameljende drek út in leechklaude eker strak om ’e dei in kessen as twa ûnder de holle it is de klaai dy’t dy brekber makket © Jan Kleefstra

