Carla van der Zwaag skreau ‘Hús (net thús)’ nei oanlieding fan it tema fan de Poezieweek: thuis.

Hús (net thús)
Omwuolle mei stikeltried
hâldst my pandutsen.
Dyn plafond sakket, sakket,
triuwt my troch de flier,
smoart my yn libben sân.
Myn wrakseljen makket wûnen.
Ik wachtsje duldsum.
Moarn gean ik by dy wei,
lit dy útlibbe efter.