‘Fingerke’ is in fers fan Janna van der Meer.

Fingerke
Op stille muzyk beweecht se,
bleek skinend solitêr.
In tsjusterfaam dy’t stikem
oseanen riizjen docht.
Sjoch mem, de moanne!
We hâlde yn.
Eagen grut it
fingerke
rjocht yn line mei ’t himellichem.
Kontakt.
Hoe faak sil dit bard wêze?
Barre?
It libben spielt
oerfloedich
oer grinzen
fan witten.


Hiel moai Janna!