Sinteklaasferslach Arriva Ineke van der Heide

Myn Sinteklaas.

Rymjend rin ik troch ús hûs.

Arriva freget foar 5 decimber fluchdichters yn bus en trein. Ik ha my dêrfoar opjûn.

Foar bern, beppesizzers en buorfrou meitsje ik Sinteklaasrym. Ik oefenje. It moat it aanst al fluch …de bus is samar wer by in oar doarp.

Ik sykje rymwurden by Drachten,

want nei alle gedachten

wurd ik de dichtsjende diva

yn de bus fan Arriva.

Ek meitsje ik thús al rym foar de sjauffeurs:

5 desimber 2022

Foar de meiwurkers fan Arriva.

Fan moarns ier

oant jûns let

binne de minsken fan

it iepenbier

ferfier

mei plezier

yn it spier

foar ús.

Mei in komplimint

fan de Sint.

It liket grif komysk

Mei in waarme wite Arriva jas, en in huodsje op ‘e holle, stap ik yn Ljouwert yn ‘e bus. Myn maat, Swarte Pyt, komt net út Spanje mar út Frankryk. Ik neam him hjoed Frâns. Hy is blank, en hat in gouden kroan op ’e holle krigen. Yn it deistich libben is hy studint yn Grins. Hy dielt pûdsjes mei pipernuten út. Yn de bus sit jeugd dy’t fan skoalle komt. Allegear ha se ‘earkes’ yn. Foar my komt de tas fan de stoel en gean de earkes út. Berber hjit se. ‘Se fiere gjin Sinteklaas, mar in Sinteklaasgedicht foar harsels? Ja wis.’ Se is ûnderweis nei hûs ta.

Ik pak in lege side fan myn rymboek. Set har namme yn ‘e midden en al pratend skriuw ik losse wurden as in spin om har namme. Bus, Ljouwert Drachten, havo eksamenjier. Dan meitsje ik sinnen. Trije rigels ha ik op papier…en sis… meist ek mei tinke. Berber makket sels rigel fjouwer. Ik lês it gedicht oan har foar. Se glimket as ik it har oerlangje.

Yn Drachten siket Frâns de bus nei Bûtenpost. Hy is der handich yn en dat komt moai út. Wylst fermeitsje wy ús pratend yn it Nederlânsk mei Ingelske wurden der by as Frâns it Nederlânske wurd net wit. Ik weagje my der net oan om yn it Ingelsk werom te praten. Ik moat yn de Fryske rymmodus bliuwe.

Femke sit yn ‘e bus nei Surhústerfean. Ek no pak ik in lege side en skriuw. Se hat 4 desimber al Sinteklaas fierd. Se hat kaartsjes krigen foar de Frisian Proms, it grutte hynstebarren yn Ljouwert. It wurdt in rym dêr’t Sinteklaas yn betanke wurdt foar syn kado. Ik lês it foar. Glimkjend docht se it rymwurk yn har tas.

Femke.

Utdieljend en rymjend ride wy mei bus en trein troch Fryslân. Sa moai, sa feestlik! Werom yn Ljouwert lizze der noch bakken fol mei pûdsjes pipernuten. Frâns hat er handichheid yn krigen. ‘Wil je ‘pipernuten’? Cadeautje van Arriva!’ Hy rint op en del oer trein- en busstasjon oant alles op is.

Sa bringe wy de pipernuten en it Fryske Sinteklaasgedicht foar it fuotljocht.


Ineke van der Heide.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *