Jeruzalim yn in tinte is Syds Wiersma syn twadde moannegedicht fan Desimber 2022,

Jeruzalim yn in tinte
de nâle, de nacht
de iere gebedssjonger
ik bliuw by de râne lizzen
bûten
op wacht
net om te ferdigenjen
ik wegerje de regresje fan de eangst
leau noch (nettsjinsteande) dat
de berte sûnder string
ús bine sil