Winterpinnestreek 9 – Tryntsje van der Veer: Klyster

Winterpinnestreek 9 – Tryntsje van der Veer

Klyster

As ûnderwerp foar myn winterpinnestreek waard de klyster as fûgel fan it jier ynhelle troch de finkjes en troch noch folle mear.

It begûn simmer ferline jier mei besite. Mooglik wiene wy yn de koroanatiid wat mear rjochte op it eigen territoarium. Dêr siet samar in eksimplaar mei in frijwat ûndogenske eachopslach. It kopke draaide en mei it snaffeltsje naam er ús op. Gewoan in swarte lyster, hjir yn ’e tún. Dochs net sa gewoan, hy hipte frjemd. Doe’t wy better seagen wie syn rjochterpoatsje raar, it hie in klompke. Fergroeid, of siet der in stikje gaas omhinne? It wie net te sjen, ek net mei in fierrekiker. Hy kaam deis del, song en socht wat te iten en te drinken. Wy krigen der niget oan, wiene ek wat besoarge. Die soks sear? Hoe âld waard in klyster eins? Soe er oerlibje? Hy wie no in maklike proai. Wy koene him net helpe, dêrfoar wie er te skou. Mar it bistke kaam werom, letterlik, mar ek yn in gedicht, it deiboek en yn ús petearen. Hy wie der noch nei de simmerfakânsje, de hjerst en no yn ’e wintertiid. Mar wêr’t er skûlet by dit stoarmwaar, dat is in riedsel.

Ik tocht werom oan in earder eksimplaar dy’t nestele op in ûnmooglik plak, op in metalen buis en dochs trije jongen grutbrocht. Oan Blackbird fan de Beatles en oan it wurk fan Jan Mankes, mei ek klysters, hiel realistysk en fyn skildere en tekene, sa as te sjen yn Museum Belvédére.

De klyster (Turdus merula) is fûgel fan it jier om’t de populaasje sûnt in pear jier mei in tredde ôfnaam. Hoe’t dat komt is de fraach en wat kinne wy der oan dwaan? Ik lies nochris oer it beskermjen fan greidefûgels, oer wat alle jild en ynspanning opsmyt. Wat sil der barre as driuwende krêften en ynspiraasjeboarnen efter sokke programma’s der net mear binne? Wat litte wy dan mei ús allen sloere en fertutearzje. Wat sil de minskheid dan letter misse en wêrfan sil men spyt krije as it te let is? Wa en wat sil oerlibje? Wa hat de bêste kânsen? Om’t der minsken foar op de barrikaden stean of fanwege hiel oare faktoaren?

It nije boek De zeven vinkjes fan Joris Luijendijk ropt dizze wiken fûle reaksjes op. It giet oer de skaaimerken fan suksesfolle minsken. De útkomsten fan statistysk ûndersyk kinne wy faak net ferneare, dan stelle wy fragen oer de betrouberheid. By de finkjesdiskusje freegje ik my ôf oft de skaaimerken fan de populaasje deselde binne as dy’t de takomst foarsizze. Ek yn myn deistich wurk bestiet der in mjitynstrumint mei in hiele hege foarsizzingskrêft op basis fan mar inkelde fariabelen oer it ferline. Mar as professionals sizze wy: it minsklike ûntbrekt. It krige in plak yn in totaal oan ynstruminten dy’t yn gearhing beoardiele wurde.

Wy hoopje dat ús swarte lyster it noch in skoftke folhâldt, syn flerken binne syn rêding. Om te oerlibjen ha greidefûgels mear nedich as in oare wize fan aaisykjen en in omslach yn it buorkjen. It is in kompleks ferhaal. De skries wie yn 2016 fûgel fan it jier. De dokumintêre oer de Kening fan de Greide hat it bewustwêzen fan in soad minsken fergrutte en ta muzyk laat (Piersma, Pruiksma, Omrop Fryslân, 2015). Oar belied moat trochset wurde, mar úteinliks sille fûgels it bêste territoarium fine mei in lykwicht tusken ûntjouwingskânsen en predatoaren, oer grinzen hinne. Tsjin de statistyk fan sukses is al it nedige ynbrocht, sa as empaty, mar ek faktoaren as lok en trochsette sille meibepale oft immen suksesfol is. Fansels bliuwt de fraach: yn wa syn eagen. Wa wie ta foarbyld en ynspiraasje?

Underwylst is ús hiemlyster syn klompke kwyt. Op syn goede poatsje en it stompke komt er foarút en fljocht op as it nedich is. Wa wit diele wy it territoarium noch lang, mei aanst wer de sang.

Ik slút dit stik ôf op de dei dat der oarloch útbrekt yn Oekraïne, in hiele minne dei. Dochs sprek ik de hope út dat minsken ynspiraasje fine en fêsthâlde, ek as sy har territoarium ferlitte moatte foar in heger doel: frijheid.

De klyster wie ek in boarne foar myn learmaster en dichter Rutger Kopland. Blackbird is opnaam yn Geluk is Gevaarlijk (Rainbow, 2019), mar foar dizze gelegenheid ha ik ‘In merel’ oerset út Toen ik dit zag (Van Oorschot, 2008):

Foto: Tryntsje van der Veer

In klyster

Der is eat yn de sang fan de klyster
it is foarjier, do wurdst wekker

do leist te tinken yn de nacht
it finster stiet oan – der is eat

wêrfan’t dy fûgel sjongt
en do tinkst oan watst opjaan moatst

der is eat yn dy dat leech is en it streamt fol
mei de sang fan dy klyster.

Een merel

Er is iets in de zang van een merel
het is voorjaar, je wordt wakker

je ligt te denken in de nacht
het raam staat open – er is iets

waarvan die vogel zingt
en je denkt aan wat je moet opgeven

er is iets in je dat leeg is en het stroomt vol
met het zingen van die merel.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *