Grutte Gedichtejûn op 4 febrewaris 2022 yn de IJsherberg te Dokkum

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It barren sil ditkear wer op lokaasje plakhawwe, nammentlik yn ’e IJsherberg yn Dokkum. It sil heve op 4 febrewaris 2022 om 19:30 oere.

Dêrom ropt de redaksje alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, op om harren op te jaan om sa op ’e jûn sels ien gedicht foar te lêzen. It makket net út yn hokker (streek- of minderheids)taal oft it fers skreaun is. Jo hoege sels net iens dichter te wêzen, jo meie ek gerêst in gedicht fan immen oars foarlêze. Opjaan kin fia dit e-mailadres.

Fansels is der lykas wenst muzyk by. Onno en Henderikus sille tusken de foardrachten troch spylje.

De organisaasje, dichters en publyk moatte de dan jildende koroanamaatregels yn acht nimme.

Ensafh is it iennichste literêre tydskrift dat folslein Frysktalich is. Der komt seis kear yn it jier in papieren nûmer út fol mei proaza, poëzy, skôgings, yllustraasjes ensfh. Om ’e trije dagen komt der in nije publikaasje op ynternet. In pear kear yn it jier organisearret de redaksje in literêr barren, lykas de Grutte Gedichtejûn.

 

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre.