Mottejacht is Gerrit de Vries syn twadde moannegedicht fan Desimber 2021.

Mottejacht
myn ark hat wol wat wei
fan in tennisracket
in ljochtgrien hânfet
mei in lûkje
foar de batterijen
in ljochtgriene stâle
druk op de giele knop
as knetterjende stjerkes
mei âld en nij
makket de mot op de muorre
feestlike fonkjes
mei linich earmbewegen
dirigearje ik luchtletters
ast in mot
út de loft slachst
en gelok hast
dan spat er útinoar
mei in hurde knal
en in blauwe ljochtflits
yn in ûnwaar
fan tefredenens
koe ik dy ek sa mar reitsje