‘Mare Frisicum oer tachtich jier’ is Edwin de Groot syn twadde moannegedicht fan maaie 2021.

Mare Frisicum oer tachtich jier op fersûpte gemaledakken droegje ielguozzen de fearren sa thús as badeintsjes yn walfiskmagen nei it easten op de Appelskeaster kust is in skiep oanspield - it moat wol hast it lêste wêze – fierders wie der neat te rêden of it is de rou dy’t dy bespringt as in swarte rôver faaks skriuwt ien der noch in kear oer, dat wer in siele ôfset is mar net mei it lêste wurd, dat is al 100 kear sein de bergen bin’ fier fuort en de keningen wenje heech

