Sigrid Kingma is dichter fan de moanne april 2021 by RIXT. Har earste moannegedicht is Livestream.

Livestream Bob en Flo hâlde in barbekjû buorlju bakke mei Fagradalsfjall is hotspot fertrape grús rûgelet mei in sisser ôf fan de richel yn floeiber stien by skimer ljochtsje feloranje ieren op stroffelje net oer de tripods lifestylevloggers en dronefleaners dampende dea krûpt stikem ferrifeljend stadich nei teannen ta tink om oardel meter mar mear noch MOVE!!! mei de kop foar ús byld wei Bob siket mei flamjende eagen freget om fullscreen Flo set in falleifoljende polonêze yn de chat dûnset der wyld oerhinne by jûn soarget Sif foar opskuor ferswolget Bob de live-kamera