In drôf gedicht fan Syds Wiersma
Kammeraat Earder hjoed noch op ’e skurte nimst it dierke út ’e plasse bloed, draachst it stadich de strjitte oer nei dêr’t it krekt likegoed as dy de dei begûn, de jûn yn ’e lea sakje liet. De dea, is it libben dêr in bouwurk foar dan leit er no rêstich en klear ûnder syn aanst bloeiende klimmerbeam.