de bakker

De bakker is Tsjisse Hettema syn earste moannegedicht foar RIXT fan Maart 2021.

Foto: Geart Tigchelaar
de bakker

de bakker
dy’t op syn koekedaai
omstammeret

op knibbels leit er
ûnder de baktafel
yn it stof
fan de flier in figuer te knetsjen

dan stookt in âlde
psalmberiming
it krusige hert
heech
yn him op

sjocht er út it rút wei
syn frou
de ruten dwaan

yn it finsterbank
har hannen

elke beweging
in tongerslach

troch de seismobolle
binnenkant fan syn holle
wjerljochtet it

oer har havene hannen sjit in flak ljocht
om âlde skuld teplak te ritsen

syn gemoed 
hat gjin weet fan de sinne 
op al har binnenwetters

út al har registers oargelt
wetter

de ferbazing
dan wer fjoer
in reade stoarm leit op ’e loer

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *