Witte eieren / Wite aaien

Witte eieren / Wite aaien fan Ina Schroders-Zeeders
 

Witte eieren

Bij het vrijen blijft je blik
leeg staren naar de oude verf
van het plafond dat nooit het mijne was.
Zij schuilt nog ergens daar,

achter het bijna gele wit
waar ik je niet volgen kan. 
Waarom doen wij en uitgerekend hier 
alsof we kinderen maken?

Met spijt en naakt wordt opgestaan
om traag de lange trap te nemen. 
‘Toch noem ik het geluk,’
zeg je, uitgeteld maar net op tijd,

bijna beneden,
voor ik de laatste tree verkraak.
Ik sla twee witte eieren stuk.
Jij staart naar je verleden.

 

 

Foto: Geart Tigchelaar

 

Wite aaien

By it frijen bliuwt dyn each
leech hingjen op de âlde ferve
fan it plafond dat mines nea wie.
Sy skûlet dêr noch earne,

achter it hast giele wyt
dêr’t ik dy net folgje kin.
Wêrom dogge wy en krekt hjir
as meitsje wy bern?

Mei spyt en neaken wurdt derôf kommen
om traach it lang ein trep te nimmen.
‘Dochs neam ik it gelok,’
seisto, útteld mar krekt op ’e tiid,

hast ûnder,
foar’t ik de lêste treed bekreakje.
Ik slaan twa wite aaien stikken.
Do stoarrest nei dyn ferline.


Oersetting: Syds Wiersma

 

 

 

 

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *