‘De Grutte Xi LinPing’ is Aggie van der Meer har earste moannegedicht fan febrewaris 2021.

De Grutte Xi LinPing se groetsje se bûgje dan easkje se it earste wurd hy, XI, ferbjustere net ien sil de macht, him tabeskikt syn sterke hân en doel ûntnimme hie der in oar behâld west foar har, foar him wie der in oare kar? bûgje sil er net foar’t er bang wurdt sil syn wrok him hoede no’t er wit fan har fersin sil er har rêde it earste wurd, sil er sizze bliuwt oan my lykas it lêste yn har swijend ferwar driigjend al witte se dat syn eangst him twingt syn wet syn wil en syn gedachten te printsjen op har lippen yn har hollen gjin dei sille se it ferjitte gjin nacht sil it har rêst jaan in útwei sil der net wêze oar har net, foar him net it lêste wurd, seit er, is sein lit de wrâld it witte.